Weppers moandei 6-2-2017

Weppers snein 5-2-2017
5 februari 2017
De nije SDS-League! Doch ek mei!
7 februari 2017

Net ynhelje…….

Ferline wike sneon hat SDS 1 al fuotballe tsjin Oudehaske thús, mar binne de rest fan de wedstriden yn de 3e-Klasse A ôflast. Dizze wedstriden wurde no ynhelle op sneon 4 maart. SDS 1 is dan dus frij.

Net ynhelje!

By SDS 2 wolle se mar al te graach kommende sneon fuotbalje tsjin De Wâlde 2. Mocht de wedstryd ôflast wurde dan is der namelijk in kans dat de wedstryd ynhelle wurdt op sneon 25 febrewaris. En dan sil SDS 2 krekt in wykein nei Skylge. Lit de froast dus mar oerwaaie dizze wike.

Erik yn LC


Yn de LC fan hjoed in wiidweidich ferhaal oer Heeg skreaun troch âld SDS spiler Krist Stoelwinder. It ienige  “SDS gehalte” is de foto mei dêrop Erik Haitsma…
Op de side fan vv Heeg stiet ek noch in ferslach. Sjoch hjir.

Begryplik………

Skiedsrjochter Van der Wal jûch sneon by Heeg 1 – SDS 1 mar leafst 10 giele kaarten. Begryplik! Dit liket fansels ek nergens op……

Dichter en doelman bij SDS (2)

Jim koenen ferline wike al lêze oer Grietzen Gaastra, de dichtsjende doelman fan JO 17-2.
Neist ballen keare hat hij namelijk ek talint om te dichtsjen.
Hij dichtet ek oer ballen keare.
Yn it febrewaris nûmer fan Diggelfjoer (doarpskrante yn Wommels) in wiidweidich artikel oer him.
Syn priiswinnend gedicht kinne jim no hjir lêze:

Wie ben je?

Ik ben die ik ben.
Ik dwaal als een stille windvlaag door de grote gangen.
En ik duik naar hoeken, om ballen te stoppen.
Jij denkt aan mij als een lange, dunne, duikende, Friese stille windvlaag.
Terwijl ik ben, die ik ben, ben ik een andere ben, die ik ben.
En jij denkt dat ik wéér een andere ben, die ik ben.
Maar uiteindelijk na zeeën van vergelijkingen, is er maar één conclusie.
Al ben je een stille windvlaag of een ballen tegenhoudende superman,
je bent die je bent en dat is voldoende,
dat is je imago,
dat is wat jij denkt wie je bent.
© Grietzen

SDS-League

Dizze wike allegear efkes in SDS-League-ynskriuwformulier ynfulle! Jim kinne him hjir fine. De earste teams falle ynmiddels hjir al op de doar- en eamelmatte. Hy moat ynlevere wurde foar kommende sneon 19.00 oere.

SDS 1 – Willemsoord 1 mei nei de tiid DJ Wim

Sawol SDS VR.1, JO19-1 as SDS 1,2,3 en 4 meie sneon wer los. In moaie reden om nei de tiid efkes yn de kantine te ‘sitten’. En it kin net tapaslijker as nei SDS 1 – Willemsoord 1 dit efkes te dwaan mei de muzyk fan DJ Wim der by! Kom allegear!

Harsens derby (1832)

Dizze keeper hat it toppunt fan tiidrekken útfûn…………….. Nim mar efkes rêstich de tiid om te wachtsjen op de werhelling………….