Weppers moandei 6-12-2021

Sneon 4-12-2021
3 december 2021
SDS-League: ‘Broodje Gakpo’ pakt de wykpriis!
7 december 2021

Sinteklaas

Sinteklaas hie sneon by SDS 3 ek noch in aardichheidsje efterlitten:

In gedicht en in flesse Beerenburch tsjin de kjeld.

Sinteklaas (2)

Ek by sf Deinum, de klup fan de takomstige SDS-trainer Remco Bervoets, hie Sint in aardichheidsje efterlitten:

In gedicht en in sûkeladeletter. De D fan Deinum fansels.

Teamfoto JO19-1

De mannen fan de JO19-1 binne sneon op de foto kommen yn Deinum.

Steand: Tom Wijnia (rider), Johan Hiemstra (koach), Jente Schraa, Steijn Groothof, Jelmer Dijkstra, Thijs de Boer, Gerbrand Kramer, Tim Sweering, Jens Hiemstra en Wessel Wijnja.
Op hurken: Eeltsje Bootsma, Niels Janssen , Luka van der Weg, Thomas-Oane Nijdam, Tjerk Andringa en Jelte Spoelstra. Op de foto ûntbrekt Pieter Wijnia.

Oefenje

SDS 1 sil kommende sneon op’e nij oefenje. Sy sille dit thús dwaan tsjin de koprinner yn 4A sc Bolsward 1.

SDS-League

De nijste stân fan de SDS-League ferwachtsje wy moarn hjir op de webside.

Harsens derby (2332)

Hatseflatse!