SDS-League: ‘Broodje Gakpo’ pakt de wykpriis!

Weppers moandei 6-12-2021
6 december 2021
Weppers freed 10-12-2021
10 december 2021

It is dizze wike ‘Broodje Gakpo’ fan Bauke Dijkstra en Stefan en Dirk Kuperus dy ’t de wykpriis pakt yn de SDS-League. Mei 72 punten bliuwe sy ‘Vrijdagavond Feest’ fan Matthijs Postma krekt ien puntsje foar. As pleister tsjin it bloedsjen pakt Matthijs al de kopposysyje. Matthijs kin him hielendal op de SDS-League rjochtsje no ’t hy sûnt in pear wiken in spierblessure hat wêrtroch hy net balje kin. Dûbel feest dus; ‘Vrijdagavond Feest’ en boppe-oan!

‘Vrijdagavond Feest’ fan Matthijs Postma nimt de kopposysje oer fan ‘Kansloos’ fan Bas van der Weij. Dy stiet no 2e op 3 punten. ‘FC Lollum’ fan Simon Bruinsma komt der oan. Hy stiet no 3e.

Gerlof-Jan Hofstra hat de hoop noch net opjûn foar in plakje boppe-yn. Hy hat al in wykpriis pakt en giet mei ‘Op naar de top’ no fan it 13e nei it 6e plak.

Stefan van der Velde giet noch altiten fol foar de poedelpriis. Hy stiet noch altiten nûmer lêst mei ‘Moast dy bal foArjan”, mar pakt dit wykein in bult punten. Grutte konkurrint,  ‘Op nei de Top’ fan Marten Faber, pakte allinnich noch 2 mear….. Lokkich genôch is dêr noch Arjan Hallema mei ‘FC Hallema’. Dy hie net folle punten en it gatsje is no mar 6 puntsjes.

SDS League 2021-2022 stand earste helte wike 11