Sneon 4-12-2021

Weppers freed 3-12-2021
3 december 2021
Weppers moandei 6-12-2021
6 december 2021

Hawwe jim in ferslach, in (alvetal)foto of oars wat aardichs mail it nei aant@vv-sds.nl of willem@vv-sds.nl!
Appe nei Aant mei ek 0655117582

De Efkes Ballers sille efkes los fan 12.00 – 13.00 oere.
Ek hjir mei gjin publyk by……..

09:00 ST SDS/Nijland JO13-1 – CVVO JO13-2 5-0
09:00 SDS JO9-2 – SC Berlikum JO9-2 8-3
10:00 SDS JO10-1 – Terschelling JO10-1 6-8
10:30 ST SDS/Nijland JO15-2JM – SJO DFC JO15-2 1-0
12:15 SDS 4 – Makkum 4 g.n.t
14:30 SDS 3 – NOK 2 4-1
08:30 Blauw Wit ’34 JO11-5 – SDS JO11-1 4-2
10:30 S.F. Deinum JO17-1 – ST SDS/Nijland JO17-1 1-5
10:30 Oosterlittens JO12-1 – SDS JO12-1 1-10
11:00 SJO DFC JO9-1 – SDS JO9-1 7-2
11:30 AVC JO15-1 – ST SDS/Nijland JO15-1 2-1
11:45 Makkum JO8-1 – SDS JO8-1
12:30 S.F. Deinum JO19-1 – ST SDS Nijland JO19-1 2-0
14:30 Leovardia 7 – SDS 5 0-2
14:30 ST BMJ VR1 – SDS VR1 g.n.t

sc Franeker 1 – SDS 1

De oefenwedstriid yn Frjentsjer einige yn 2-1. De earste helte wie sc Franeker dúdlik de bettere ploech en kaam mei 1-0 foar. De twadde helte krige SDS de kânsen en skoorde úteinlik út in penalty fan Wiebe Heeres. Yn blessuretiid makke Franeker der noch 2-1 fan.

SDS 3 – NOK 2

SDS 3 wint mei 4-1 fan NOK nei in knappe pot fuotbal. Tsjipke Okkema wie de grutte man mei in échte hattrick yn de earste helte. By de rêst stie it dan ek 3-0. Yn de twadde helte hie Habtamu in hattrick meitsje kinnen, mar hy liet it by ien knappe goal troch in omhaal. NOK makke yn it lêst noch de 4-1.
Henk Bootsma makke wer prachtige foto’s. Op syn Facebookside kinne jim se allegear sjen.

Leovardia 7 – SDS 5

De 0-2 oerwinning wie moai, mei doelpunten fan Wiltje Aardema en Hendrik de Jong.
De swiere knibbelblessure fan Jeroen Wagenaar liet in skaad falle oer de oerwinning

SDS JO9-2 – SC Berlikum JO9-2

De boys en girl fan Jo9-2 ha hjoerd een prachtig en sportief potsie foutbal spile.
Eerste helft gong ’t aardig geliik op, over en weer wat kanskes en net een soart goals. In de twadde helft wie’t bij Berltsum een bietsje “op” en bij us gong ’t oerspielje steeds better en nauwkeuriger en rûne we ût tot 8-3. 
Klasse hjer.
Jim ha de opgeande lijn goed te pakken.
Boudewijn

Efkes Balje

Der wie in oerke fjild frij en dat wie in kâns om Efkes te Baljen, tochten in pear fanatike EB-ers.
It kin noch, dan moat it ek wurde, tinke sij alle wiken.

Tusken 12 en 1 koe it wurde, mar hoe krij je tenminste 8 man op dat tydstip op it fjild.
It is dan ek in bûnt  (en soms griis) selsskip  dat los giet.

Fansels binne dêr de âldsjes Wouter, Sipke en Aant en slút de iets jongere Jappie ek graach oan.
Ut ûnderwachte hoeke meldt Friso Albada him, hij fluitet sneons en fuotballet al lange tiid net mear.
Wat noch moaier is , hij nimt syn dochter Marit mei en dy makket har debút op it EB.
Ut Dronryp komt in epke fan Henk Mulder, earder trainer fan de A’s.
Hij komt ek graach efkes meidwaan en hij wit noch wol ien dy’t balje wol.

Krekt oer tolven komt Samir, trainer fan Vr 1 út Berltsum op de reesfyts út Wurdum oansetten om it EB in ynternasjonaal tintsje te jaan.

Sûnder routeplanner moast hij besykje Oosterend te finen, wylst der Easterein op de weiwizers stiet
Haadsponser van der Eems jout Pieter de Boer  ek wat earder frij  en sa binne der 9. 
Earste partij mei 4 tsjin 5 en  en 5 tsjin 4 wurdt in 9-9 einstân.
De lêste 5 minutenfinale einigt ek yn in gelykspul 1-1.

Henk Mulder is de makker fan it alderlêste doelpunt at de put der al aardich út is bij de measten

Sûnder hes: Jappie, Friso, Henk, Pieter en Samir
Mei hes: Wouter, Marit, Sipke, Samir en
Aant