Weppers moandei 5-7

Weppers snein 4-7
4 juli 2010
Weppers tiisdei 6-7
6 juli 2010

Skoalleseize iepen
Oan alle leden, donateurs en belangstellenden
Tiisdei te jûn de wedstriid Nederlân – Uruquay te sjen op in grut skerm.
De kantine is om 20.00 oere iepen.
Bestjoer SDS

Suksesfol?
Douwe Reitsma, ús foarsitter, belibbe wol in hiel bsyûndere sneon. Hij tocht sneon efkes de auto te waskjen, de boadskippen te dwaan, de hûn út te litten en wat oare sneonsbezigheden te dwaan. Mar om 8.00 oere bellet Sipke Hiemstra. At hij ek meidwaan kin oan it NK keatsen foar 50 plussers. Anne Bakker hie syn freugdesprong yn de fiver net goed trochstien, dat in ferfanger waard socht. Dat moast mar wêze tocht Douwe. Hoe it him fergien is op dy kampioenskippen kinne jim
hjir sjen.

Hurde bal
Wij hawwe begrepen dat skiedsrjochter Bierma bij it haadklassekeatsen ûnderútgie. Hij waard rekke troch in bal mei gong. En dy bal waard slein troch (sa hawwe wij begrepen)….
Jacob Klaas.

Teory
Wy hoopje dat Gearard Posthumus syn teory mei dit WK net opgiet:
Hoi Willem,
ik ha ris efen sjoen nei de wrâldkampioenen fan de ôfrune 50 jier. Der falt wat op:
1962: Brazilië
1966: Engeland
1970: Brazilië
1974: Duitsland
1978: Argentinië
1982: Italië
1986: Argentinië
1990: Duitsland
1994: Brazilië
1998: Frankrijk
2002: Brazilië
2006: Italië
Konklúsje: in Súd-Amerikaans lân wurdt wrâldkampioen. En wy moatte minstens fjouwer jier wachtsje foardat we statistysk sjoen in kâns ha.
Groetnis,
Gearard

WK
Jûn wer it Wommelser Kampioenskip. It begjint om 20.00 op it skopfjild fan Wommels.

Jimbar iepen
Beste gast,
(Polygoan stim:) “HET SCHRIJVEN VAN GESCHIEDENIS KOMT DICHTERBIJ! DE STRIJD ZAL OOK DEZEN KEER GEVOERD WORDEN TEEGEN ENKELE ZUID AMERIKAANSCHE LIEDEN DIE ONZE ZEGETOCHT OP WEG NAAR DEN WERELDBEEKER ZULLEN TRACHTEN TE ONDERMIJNEN. KOMT DINSDAG WEEDEROM ALLEN TEZAMEN OM TEAM ORANJE TE ONDERSTEUNEN IN UW HERBERG DEN JIMBAR!”
“LEVE HARE MAJESTEIT DEN KONINGIN (Beatrix Wilhelmina Armgard, bij den gratie Gods, Koningin der Nederlanden, Prinses van Oranje-Nassau enz. enz.)!” 
Tiisdei 20.30 Jimbar: URU-NED 
It Barfolk

Harsens derby (244)
Rafael Nadal hie net misstien op it WK-fuotbaljen by Spanje yn de spits: