Weppers moandei 5-2-2018

SDS VR1 op bekerkoers…
4 februari 2018
Weppers tiisdei 6-2-2018
6 februari 2018

Programma binnen

Foar de kommende wike stiet er winter op it programma en de sealwedstriid Futsal Heerenveen 4 – SDS seal 1. Woansdeitejûn om 20.25 yn it fryske Haachje.

Programma bûten

Kommende sneon giet de kompetysje wer los. Alteast dat seit it programma. At it allegear wol wat wurdt is de fraach no’t Hollaners al oan in alvetstêdetocht tinke en wij hope dat in stikje lân op Skrok sterk genôch is om te riden. It programma foar sneon kinne jim hjir sjen.

De nije SDS-League!

It is yn elts gefal moai waar om je nije SDS-League yn te fullen! Graach ynleverje foar kommende sneon 19.00 oere!

Famkes MO13-1 wurde 2e by it sealfuotbaljen.


Om 14.40 oere is it safier en moatte we los yn Hearrefean tsjin Hearrefean. De foarige kear ha we 2-0 wûn dus it sit der yn. Mar och heden, nei 3 minuten steane we 1-0 achter. Soe it toch de spanning wêze ? Hearrefean makket it SDS dreech. Doutsen hat bêste rêdingen yn de goal. It tempo wurdt opfierd en SDS komt mear oan bod. In skot fan Hearrefean stjin de peal, dêr komme we goed foar wei. Mar dan yn de 16e minuut, 2-0 efter. De froulju fan SDS sjitte hurd op de goal, mar de keepster fan it Fean stiet goed te plak en hâld se der út. Mare docht noch in poging, mar helaas. Dan is der noch in diskutabele bal fan Berber, is de bal al as net oer de achterline ? De skeids beslút fan net, jammer fansels…
Ûndanks dat SDS hieltiid better begjint te fuotbaljen mei it net mear bate… De klok is ûnferbidlik en de einstân bliuwt 2-0 foar it Fean. Toch wol in domper… De âlders en oare supporters begjinne al te rekkenjen. It Fean stiet no mei ien punt foar op SDS en mei tsjin Boarnburgum (die’t ek 2e stie en de earste wedstriid mei 4-0 wûn hat) eins net mear as in gelyk spul helje, wolle wy noch 1e wurde. It kin dus noch alle kanten út. SDS sil winne moatte tsjin Akkrum.
Yn de 1e minuut is der gelyk al in kâns foar SDS. De druk leit heech. Nei goed 5 minuten skoart Judith en ha we de foarsprong te pakken. Wy as âlders en supporters fyne dat der fuort noch wol ien yn kin. Mar Akkrum tinkt der oars oer en set kracht by. Mare brekt der noch in pear kear troch, mar de snelheid wurd út de bal helle, dus der falt gjin goal. Ek Minke docht har úterste bêst om te skoaren mar helaas. Dan yn de 11e minuut giet de bal van Mare nei Minke en wer werom en skoart Mare de 2-0 ! Dus we ha wat lucht. Dan yniens in trochbraak fan Akkrum, mar gelokkich in fabuleuze rêding fan keeper Doutsen. Akkrum docht har úterste bêst om der troch te kommen, mar Menna, Rixt, Prajita en Femke en Lisa hâlde it fjild goed ticht. Noch in pear bêste rêdingen fan Doutsen. SDS probearret it doelsaldo noch wat op te krikken mar it mei net sa wêze en it bliuwt 2-0. Bêst genôch.
No hinget it fan It Fean en Boarnburgum ôf wat it wurd. Sa’t we earder seinen mei it net mear as in gelyk spul wurde. Mar de froulju binne fansels allegear gebrand om te winnen. Nei hast 4 minuten stiet Boarnburgum mei 1-0 foar. Dat is net geunstich foar ús. Dan nei 9 minuten de 2-0. It kampioenskip liket fierder fuort as ea. En dan nei 13 minuten de 3-0. It Fean komt der net oan te pas. Dan toch yn de 18e minuut noch in goal foar it Fean. It sil toch net…..De tiid dringt….It Fean jout noch druk mar Boarnburgum jout it fansels net mear út hannen. Dus nei 25 minuten geane we nei in moaie middei sealfuotbal nei hûs mei de 2e priis (medaille !!!). Marjo (de mem fan Lisa)hie foar alle famkes in roas regele, hartstikke leuk. Ik freegje my ôf wa’t wurcher binne, de famkes as de âlders/supporters. Wat in spanning. Fyn dat der safolle âlders/famylje wie te sjen.
Sneon binne we der wer, op it fjild. Betiid út bêd, want om 09.00 oere moatte we oantrede yn/tsjin Tzummarum.
Op de foto ûntbrekt helaas Grace Odier die’t der troch sykte net by wêze koe.

Wer om 14.30 oere!

Ek sneon is de thúswedstryd fan SDS 1 wer om 14.30 oere. Sy spylje dan thús tsjin QVC 1 út Starum.

Harsens derby (1982)

Sokke goals wurde tsjintwurdich hast net mear makke………..