Weppers tiisdei 6-2-2018

Weppers moandei 5-2-2018
5 februari 2018
Weppers tongersdei 8-2-2018
8 februari 2018

SDS 2 oefent jûn

Om 20.15 is de oefenwedstriid SDS 2 – Heeg 2. Dizze seleksje is jûn om 19.45 oanwêzich:
Marten, Wiebe, Dirk, Bote, Jurjen, Sjoerd, Jesse, Jildert, Jort, Hendrik, Lieuwe, Lourens, Matthijs, Frank en Peter.

LC


Dit stiet der yn de LC oer SDS 1 – Oeverzwaluwen 1

Skorst

Erik Haitsma is de twadde spiler fan SDS 1 dy ’t dit seizoen in reade kaart krijt, dus dat betsjut in skorsing fan 2 wedstriden. 😉

Ik wie der net bij….


Sportspotsjes wiene earder altyd leuk yn de Ljouwerter Krante en dit is ien dy past yn dy kategory. “Ha, ha. ha,” tocht ik gelyk doe’t ik  juster yn de LC lies dat âld SDS trainer Marcel Frankena op krukken rint nei in potsje “Rinnend fuotbal”…. Ja jim lêze it goed…Walking football.
Wêrom dy nocht oan ûnnocht, sille jim sizze.
Alle kearen at ik Marcel tsjin kom, dan wit hij mij der noch oan te herinnerjen dat hij earder in flinke knibbelblessure oprûn hat, doe’t hij in kear mei die bij SDS 35+ tsjin GAVC 35+.  Neffens syn sizzen wie in pass fan mij net goed (hoe betinkt er it) en moast hij in heale stap efterút dwaan en wie it lijen dêr.

In earnstige knibbelblessure wie it gefolch. (De foto hawwe wij noch….)
“Troch dij kommen” seit hij noch altiten mei in knypeach……
Ik bin benijd wa’t no de skuld krijt. Ik  wie it net, want “Rinnend Fuotbal” dêr bin ik noch fierstente jong foar .  Mar gau wer fit wurde Marcel, dan kinst mar better op sjoelen…..
Mei in hertlike knypeach fan Aant

Harsens derby (1983)

Wat in goal dit wykein fan Wanyama!