Weppers moandei 29-8

Weppers snein 28-8
27 augustus 2011
Weppers tiisdei 30-8
29 augustus 2011

SDS 1
Tiisdei 30 augustus bekerwedstriid
Wykels Hallum 1 – SDS 1
20.15 oere spylje
Fertrek om 18.30 oere
Seleksje:
1. Ewout
2. Feiko
3. Erik
4. Wytze
5. Arjan
6. Jelmer
7. Henk
8. Elger
9. Harm
10. Jaap
11. Tsjipke
12. Jacob van W.
13. Johan
14. Kristian
Groetnis,
Lieding SDS 1

C1 yn de wask

Flak bij de Warntille bij Wommels waard snein it hiem fan de famylje Heeres opfleure mei skjinne C1 sjurtsjes. De broekjes sieten noch yn de waskmasjine.

C2
Donderdag 1 september start de training van de C2.
We trainen van 18:00 tot 19:00.
Kan je nog niet, dan effe een mailtje naar
famvink@ziggo.nl 
groetjes, Andre Vink

E1 traine
De training fan E1 begjint hjoed ek wer. Om 17.30 oere.

Skylge – de tarieding
De grutte winner foardat it 35 + toernooi op Skylge begong wie de KPN, de Vodafone of de Telfortcompany.
50 man benadere en úteinlik 9 man nei it eilân ta. Marco hat der in bealch fol wurk fan hân mar hat trochsetten om ús plakje dêr net kwyt te reitsjen. Hulde!

Skylge – freed
Der wie leard fan ferline jier. Net mei in betide boat nei it eilân mar mei de lêste boat. Sa wiene Marco, Robert, Christiaan, Pieter, Jan Simon en Harm Auke topfit op de wedstriiddei. En gelokkich hold Vera in eachje yn it seil op de de earst 5.
It goeie fan de freedtejûn wie ek dat se ek de maten fan Samme troffen want dy soene wol nedich wêze.

Skylge – sneontemoarn
Trije man op de boat nei Skylge mei in gemiddelde leeftyd fan op de kop ôf 35 jier: Eeltsje, Bram en Aant.
Op de boat waarden de plannen makke. Aant net te folle minuten, Bram skoare en Eeltsje 3 kear in panna.

Skylge – sneontemiddei
De 6 dy’t der wiene en de 3 dy’t kamen makke al 9. En troch de goeie kontakten wie Jan Kees of Kees Jan der ek al om mei te dwaan. Sa koe de earste wedstriid mei 10 spilers en sûnder flagger begong wurde tsjin sc Terschelling. Gelokkich kaam Samme ek noch en hij koe yn dizze wedstriid noch in pear minuten meidwaan. 2-1 ferlies en Pieter skoarde.
Twadde wedstriid tsjin Eefde waard ferlern mei 1-0 en tusken de wedstriden troch wie der omraak belle om in Skylger fuotballer der bij te krijen en dat slagge: Kees Jan of Jan Kees
En sa stiene der dus 11 yn it fjild mei in “Skylger as” en in flagger.
De tredde wedstriid waard wûn tsjin Kockengen 2. Eeltsje die in panna en hij skoarde, lykas Harm Auke.

Skylge – Krusfinales
De krúsfinale waard it hichtepunt fan it toernooi foar Bram. Tsjin Baflo mocht fanwege it reinwetter folstien wurde mei de strafskoppen.
Bram melde him as earste bij Aant, frege at dy op syn bril passe woe en pakte de bal om de earste strafskop te nimmen. De doelman keas in hoeke en Bram keas it midden. Hurd…snoeihurd. Johan Neeskens hie jaloersk west. Dêr hie hij dus gjin bril bij nedich.
De oare strafskopnimmers krigen safolle fertrouen en skoarden allegear. 
En Liesbeth dy’t ek nei it eilân kommen wie, sette Marco op skerp en troch ien bal  te kearen waard de skitterjende 5de priis binnenhelle.

Skylge -Priisútrikking

Bram wie fansels de man de dei en hij naam de beker yn ûntfangst en hold in moaie taspraak. In moaie en foar sommigen wat in koarte neisit want in oantal gyngen gelyk mei de lêste boat werom.

Skylge -takomst
It soe moai wêze dat der takem jier wer 15 man binne dy’t der in wykein foar gean wolle, want it is in moaie gelegenheid om lekker te baljen en folop fan it eilân en it waar te genietsjen. Want der kin dêr goed yn it waar sjoen wurde.

SDS 2 sil oefenje
Hier een voorlopige selektie voor de oefenwedstrijd tegen balk op dinsdag om 19.30 vertrek 18.15
Vervoer meenemen. 
Spelers sds 2 
Dylan
Harmjan
Jelte pieter
Bauke
Jansimon
Syb
Feite
Anne
Sytse
Jort
Willem
Robert
Ayanle 
Aangevuld met spelers van de A –selektie of C – selektie, morgen meer bekend daar over. 
C – selektie traint op dinsdag olv Jan  
johan

Harsens derbij (552)
Dy Neymar komt hieltiten faker yn dizze rubryk lâns en dit sil ek wol net de lêste kear wêze: