Weppers snein 28-3

Utslaggen 27-3
25 maart 2010
Weppers moandei 29-3
29 maart 2010

SDS 1 – Broekster Boys 1
Nei 3 wiken Vietnam wie Siem Sikma eindelijk ek wer ris fan de partij. Hy hat net folle fuotbaljen mist yn dy 3 wiken, want SDS hie 9 punten doe ’t hy fuortgie en noch 9 doe ’t hy thús kaam. Al misten wy syn prachtige ferslagen. Lokkich genôch is der no wer ien (klik hjir). 

Jierdei (1)
Henk Bootsma wie juster fansels bij SDS 1 – Broekster Boys 1. Mar dat wie hielendal net sa fansels. Henk hie juster syn jierdei en koe krekt foardat de besite kaam noch wol efkes wat plaatsjes sjitte. Lokwinske.

Jierdei (2)
Juster wie Wichard Deinum ek jierdei. Fan herte lokwinske! 
Wichard kryg juster in kaart fan Syb Overal. Hartstikkene aardich fansels, mar Wichard wie hjir net sa wiis mei, want it wie in gele kaart. Syb makke yn de wedstryd fan SDS 2 tsjin Heerenveense Boys 2 in foutsje wêrtroch Wichard as lêste man in oertreding meitsje moast.

Ferslach skriuwe

Bij SDS 6 wiene se út de skroeven omdat se wûn hiene. En soks dat wolle je diele mei je fans dy’t der net wiene sneon. Yn de tredde helte waard it ferslach gelyk skreaun. Ids de Boer skriuwt en Steffen yt. Jim kinne it hjir lêze yn twa dielen.

Ek skriuwe

Andries Stuiver skriuwt net op sneon mar op freed. It meidielingenboerd wurdt dan aktueel makke.

De klok skyt oeren
Wij meie graach efkes nei prate yn de kantine. Mar wij wolle ek op tiid thús wêze. Dus hâlde wij de klok goed yn de gaten. De klok op de toer fan Easterein fansels want dêr kinne je al hûnderten jierren op fertrouwe. Wij wiene sneon in oer te betiid thús. Te betiid? Ja seker. Undersyk wees út dat yn ferbân mei de simmertiid de klok sneontemoarn al in oere foarút setten wie.

Utslaggen
Wij misse noch wat útslaggen fan juster. Dat ha je at je in oere te betiid fuortgeane! Miskien dat wij dy noch efkes
fia de mail trochkrije kinne.

Foarútsjen
Akke Hulzinga seach justerjûn ûnder de útslaggen stean “geplaatst op donderdag 25 maart”. Opmerklik tinkt Akke, want dan is der noch iens fuotballe. Wij begripe dat it ûnbegryplik liket, mar wolle dat geheim graach geheim hâlde.

Utgeantips
Wij hawwe it idee dat der hjoed trije eveneminten binne yn Wommels en Easterein. Om 14.30 sille de Ajax fans wol yn de Jimbar sitte, om 16.00 oere begjint Gerrit Breteler te sjongen yn it Dielshûs en om dyselde tiid litte de Blues Kings harren gitaren en mûlharp snerpe bij Bergsma yn Easterein.

SC Heerenveen
Juster mochten de famkes fan Gerrit Terpstra mei de spilers fan SC Heerenveen it fjild opkomme by de útwedstryd tsjin Roda JC. Sa seagen wy dat Baukje mei Sibon oan de hân it fjild opkaam. Spitich genôch rekke Heerenveen hjirnei net in bal en stie it yn in poep en in skeet mei 4-0 efter. Wy geane der mar fanút dat Jeska en Baukje ûndanks it ferlies in ûferjitlike jûn hân hawwe.

Foeilelijke sjurts (10)
Yn de nijste Treffer kinne jim lêze dat Hendrik de Jong it sjurt fan VfL Bochum ein jierren 90 it lelijkste sjurt ea fynt. Hjir de kleurenfoto. Tink om ‘e eagen!


Hawwe jim ek in ferskriklik sjurt sjoen mail it dan nei
info@vv-sds.nl mei efentueel in foto of in link nei it betreffende sjurt.

Harsens derby (175)
It liket op it heden yn om fan grutte ôfstân op de goal te sjitten. Dizze keeper probearet it ek mar efkes fan 70 meter en warempel: