Juster is de grutte baas fan ús haadstiper Van der Eems 50 jier wurden! Durk-Jorrit van der Eems, fan herte lokwinske!
Ofrûne sneon hawwe de mannen fan de ûnder de 27 wer tsjinelkoar oefene. Skiedsrjochter Douwe Posthuma seach de teams yn de folgende opstellingen noflik baljen.
By de JO11/12 spilen sneon Yorick, Wytse, Sander, Jerryd, Omar en Sjoerd tsjin Sven, Niek, Jarno, Jarn, Marijn en Lars. It waard úteinlik 11-3. En in flinke hagelbui op de kop…….
No ’t de jûnsklok wat ferromme wurdt dizze wike kin der ek wer langer traind wurde. De mannen fan boppe de 26 traine no op tongersdeis om 20.30 oere op it keunstgers.
Toet, toet!
See you later 👋👋#SundayLeague pic.twitter.com/4gN640fcg5
— Grass Root Goals (@GrassRootGoals_) March 27, 2021