Trainster Akke-Rixt Zijsling fan SDS Vr.1 hat witte litten nei dit seizoen te stopjen as trainster/koach fan de Vr.1. Akke-Rixt hat altiten fan grutte wearde west foar it frouljusfuotbal by SDS en de lêste jierren as trainster/koach fan de Vr.1. Wy wolle har dêr tige tank foar sizze. Akke-Rixt lit witte it seker noch wol nei de sin te hawwen, mar no efkes in stapke werom dwaan te wollen.
SDS sil op syk nei in geskikte ferfang(st)er.
Us topfrijwilligers en lid fan fertsjinste Andries Stuiver en erelid Klaas Overal binne tegeare 130 jier wurden! Andries is ferline wike 60 wurden en Klaas wurdt hjoed 70 jier! Beide fan herte lokwinske!
Habtamu de Hoop is der yn slagge mar leafst 10.092 stimmen te behljen by de ferkiezings fan ferline wike. Dêr fan krige hy der 6.663 yn Fryslân. Wy geane der mar fanút dat hy hjirmei de Twadde Keamer yn giet! Fan herte lokwinske!
De nije Treffer is al klear en kin elts momint jim kant op komme!
‘Tikkie werom, Jaap!’
A goalkeeper’s WORST nightmare this 😱
(🎥 Jack Devresse)#GKunion #SundayLeague pic.twitter.com/pFAEIPsi6i— Grass Root Goals (@GrassRootGoals_) March 16, 2021