Weppers moandei 28-10-2019

Sneon 26-10-2019
25 oktober 2019
SDS-League: ‘EB’s 11′ pakt de wykpriis!
29 oktober 2019

Clarence Sluiertrofee

Jelmer Posthumus miste sneon in penalty yn de wedstriid Workum 3 – SDS 3. Dat betsjut dat je efkes op de foto moatte foar it Clarence-Sluierklassemint.

SDS-nijjierssit

De SDS-nijjierssit is ek dit jier wer op de earste sneon fan jannewaris. Der sil wer fuotballe wurde en wy sille sjen as der ek wer rûn en klaverjast wurde kin. DJ Baggel fersoarget de muzyk.

Mei syn allen nei sc Heerenveen!

Freed 29 novimber spilet sc Heerenveen thús tsjin Vitesse om 20.00 oere. SDS’ers kinne hjir al foar 10 euries hinne. Moarn mear hjir oer!

De nije Treffer

De nije Treffer leit by ús drukker en haadstiper Van der Eems en kin elts momint klear wêze.

SDS-League

Moarntejûn rûn in oer as 18.58 oere hinne kinne jim hjir de nijste stân fan de SDS-League wer ferwachtsje.

Harsens derby (2172)

Sa blaas je no foar it ein fan de wedstriid!