Weppers moandei 26-11-2018

Sneon 24-11-2018
23 november 2018
Weppers woansdei 28-11-2018
28 november 2018

SDS 1 bekert tiisdeitejûn

Tiisdeitejûn mei SDS 1 yn de twadde ronde fan de beker besykje Leovardia de koprinner yn 3B te ferslaan. Om 20.00 oere begjint it hjir. Dizze jonge seleksje fertrekt om 18.30 oere út Easterein en hat om 19.00 oere in teambesprekking yn Ljouwert:
1 Jaap©
2 Bauke
3 Gerwin
4 Ewout
5 Jorrit
6 Wiebe
7 Frank
8 Pieter
9 Lourens
10 Erik
11 Matthijs
12 Watze
13 Steven
14 Stan

SDS MO15-1 hellet yn

Woansdeitejûn moat SDS MO15-1 nei Hurdegaryp om te fuotbaljen tsjin Hardegarijp MO15-1.

Sinterklaasynkeapen

Douwe-Dirk Reitsma stiet sneon yn de SDS-kantine fan 10.00 -11.30 oere mei SDS-klean, -tassen, sjaals en noch folle mear. Sjoch yn de SDS-websjop wat der allegear te krijen is. Der is fan alles op foarried en je kinne efkes passe!

Sipke de Boer spilet sneon yn de kantine

Kommende sneon nei de wedstriden SDS 1 – Willemsoord 1 en SDS 3 – Leeuwarder Zwaluwen 7 komt Sipke de Boer spyljen yn de kantine. Jûns letter spilet hy yn it kafé yn Easterein mei de Suskes! Kom sneon dus allgear nei de fuotbalkantine, want it wurdt in gesellige boel!

 

Lokwinskuhhhhhhhhhhhhhhhhhhhhhhhhhhhhhhhhh!!

De trainer fan SDS 2, Okke van der Kamp, wie ôfrûne sneon jierdei en mocht 70 kearskes útblaze. Fan herte lokwinske!!

De nije SDS-League

Nei in wike rêst komme wy woansdei wer mei de nijste stân fan de SDS-League. Soe Matthijs noch boppe-oan stean?

Harsens derby (2077)

Toet, Toeeeeeeeeeeeeeeeeeeeeeeeeett!

 

Letter mear!