SDS 1 spilet sneon om 15.00 oere thús tsjin Oudehaske 1. Om ’t de fjilden op sneon by SDS sa drok beset binne spilet SDS 1 al syn thúswedstriden om 15.00 oere.
It is net de bedoeling om op it fjildsje foar de boksen te trainen. Dit fjildsje wurdt sneons brûkt troch de jongste jeugd om dêr harren 6 tsjin 6-kompetysje te baljen. Sa hâlde wy wat mear romte op de ‘grutte fjilden’.
Yn de kantine hinget al jierren in prachtich boerd mei alle ‘Freonen fan SDS’. Ynkoarten sil dizze plak meitsje foar in nij boerd.
It ferslach fan SDS 1 hawwe wij út de krante.
Wy hawwe wol hiel wat oare ferslaggen krigen ôfrûne sneon. De ferslaggen kinne jim fine by ‘Sneon 23-9’.
Wy krije ek hieltiten mear teamfoto’s binnen lykas dizze fan de JO9-1.
Cavani wol graach de penaltys nimme by PSG. Hy kin se dan better net misse……. In sponser hat ynmiddels al 1 miljoen bean om der foar te soargjen dat Neymar de penaltys nimt…..