Weppers moandei 25-8

Weppers snein 24-8
23 augustus 2014
Fan de kommisje wedstrydsekretariaat
25 augustus 2014

SDS 1 – Kollum 1
Tiisdeitejûn om 19.00 oere bekert SDS 1 thús tsjin Kollum 1. Kollum is in twadde klasser.

SDS 2 – WPB 2
Om 18.45 begjint de bekerwedstriid SDS 2 – WPB 2. Ek dit is yn Easterein.

Gjin trainen foar de boksen
De trainingen van dinsdag 26-8 kunnen niet voor de kleedboxen gehouden worden. Dit veld wordt dan gebruikt door de KF. Dit is in overleg gebeurt zodat de wedstrijden van het 1 en 2 gespeeld kunnen.
Volgens de veld indeling is er voor de trainingen dan nog ruimte achter de sporthal. 
Oetze

MD1 wint

De grutte seleksje fan MD 1 hat de earste bekerwedstriid der ek op sitten. Tsjin LSC waard sneon wûn mei 3-0.

Programma dizze wike
Jim kinne it meast aktuele programma altiten sjen at jim op de button
op de foarside klikke. Yn earsten sjogge jim dan it thúsprogramma en mei in klik op it húske mei de pylk wurdt it út programma toand.

SDS F1 – Nijland F1   9 – 1 

F1 is it nije seizoen goed begûn mei in dikke oerwinning fan 9 – 1 op Nijland F1. It wie te fernimmen dat Yke, Stern, Niels, Raymond, Bartele, Jesper en Tom ferliene jier ek al meiinoar spylen, se koene mekoar goed fine yn de passing. Jesse en Timen binne der by kommen en die passe der goed by. Nijland wurde fanôf it begjin goed ûnder druk setten en koe dêr net ûnder fuort komme. De jongens makken dan ek de iene nei de oare goal. Yke, Timen Jesper skoarden ien kear en Stern, Raymond en Jesse twa kear. De oaren stean noch droech, mar dat sil wol gau feroarje, want eltsenien falt mei oan. Dêrby wurdt it ferdedigjen net ferjitten. Nijland wist yn de slotfase dochs noch ien goal te meitsjen, mar doe hie F1 de winst al lang yn de bûse.


Harsens derby(1322)
De bal soe snoeihurd op goal sketten wurde, mar waard úteinlik de beroerdste assist ea: