Weppers moandei 25-10

Weppers freed 22-10
22 oktober 2010
SDS-webshop
25 oktober 2010

Griemerij
At  ynternet sa traach is  as poppestrond dan is wepperje in grutte griemerij……….
Aant


Gjin griemerij
De ferbining yn Riermule is blykber net al te rap. Hjiryn Egypte is der neat mis mei al is alles yn it Arabysk. Ik probearje je der mar wat fan te meitsjen. Net alle ynformaasje liket hjir goed troch te kommen. Sa soe PSV mei 10-0 fan Feyenoord wun hawwe………… Mocht dit al kloppe dan is it mar goed ek dat Aant syn ferbining net al te goed is…….

Utslagen?
Wy hawwe net folle utslagen binnen krigen. Sptich, want dy wolle je just wol witte as je sa fier fuort sitte. Fan Sjoerd witte wy allinnich dat SDS 1 mei 1-0 wun hat en fan Feike en Antsje dat SDS Da 2 mei mar leafst 6-0 wun hat fan Makkum. It ferslach fan Antsje is spitich genoch de Middelanse See net oerkommen. 
Ynmiddels hawwe wy fia Voetbal.nl de oare utslagen efterhelje kinnen. Wy begripe no werom wy dy net fia de (ka)mail krigen hawwe……….(sjoch “Utslagen 23-10”).

Meinte-Sixma-toernoai
Fan Rudy krigen wy wat foto’s fan it Meinte Sixma-toernoai. Wy kinne jim hjoed noch neat sjen litte, want dat kin net op dizze Egyptische kompjoeter…….

Pupillen fan ‘ e wike
Dirk Breeuwsma en Aiso Agricola fan SDS E4 wienen ofrune sneon pupillen fan de wike by SDS 1 – Trynwalden VC 1. Wy hawwe fan Immie wat foto’s krigen, mar dy kinne jim hjir nije wike pas besjen. Of Aant moat earder thuskomme om ‘ t hy der’ut reint of dy oare wepmaster komt earder thus om ‘ t hy it te waarm fynt. Opsje 2 falt by dizze al of……

Woansdeitejun Eredivisiejun?
Kommende woansdei wurdt der in hiel programma spile yn de Eredivisie. De topper Ajax – SC Heerenveen kinne jim dan fanof 19.00 sjen yn de Jimbar. Spitich genoch hawwe wy der yn Egypte neat oan.

SDS League
Wy hoopten hjiryn Egypte de nijste stan fan de SDS League opmeitsje te kinnen. Spitich genoch slagget dat net. Dat betekent dat nije wike alle punten fan 3(!) spylrondes(ynklusyf woansdei) op ien bult komme. Wy tinke deroan om nije wike dan mar 2 wykprizen ut te kearen.

Nijs?
Hawwe jim nijs bliuw it us al (ka)mailen sadat wy miskien dochs noch wat op de webside sette kinne.

Letter dizze wike mear!?