Weppers freed 22-10

Utslagen 23-10
22 oktober 2010
Weppers moandei 25-10
23 oktober 2010

Hallo voetballers van SDS,  
Jullie doen mee aan het MeinteSixma toernooi. Graag allemaal om 08:45 uur aanwezig zijn, dan kunnen we op tijd starten.
Ivm met het regenachtige weer van de afgelopen dagen kan het zijn dat de velden te nat zijn en daarom worden afgekeurd om op te spelen.
Het toernooi wordt dan afgelast, kijk daarom morgenochtend voor 08:30 uur nog even op de site voor een eventuele mededeling. 
Natuurlijk hopen we allemaal op prachtig weer en bespeelbare velden!
Oant moarn,
Hans van der Schaar

Open Fries Kampioenschap zaalvoetbal (O.F.K.)
SDS 1(fjild), SDS 1(seal) en SDS Da1 binne opjûn foar it Open Fries Kampioenschap Zaalvoetbal(foarhinne Midwintercup) yn Frjentsjer. Op freedtejûn 12 novimber sil de lotting plakfine. De foarrondes binne op 6,7,10,11,12 en 13 jannewaris. De finales fine plak op sneon 15 jannewaris. Alle wedstriden wurde spile yn de Trije yn Frjentsjer.

Broerkelol fan Van de Pol
Piter (11 jier): “Tafallich heit, ik bin like ald as myn rêchnûmer yn D1.’ Reaksje fan broer Lourens: ‘As ’t oare jier 12 bist en by ús yn C1 komst, is dat ek wer sa, wist alfêst dyn plak!” 

Froulju oerhearse it klaverjassen
16 kaarters en kaartsters namen justerjûn plak oan de tafels. Trije beamkes waard der kaart en oan de ein stiene der trije froulju op it podium. Elly Tiemersma gie as de beste klverjaster nei hûs. Boukje Bruinsma waard twadde en Annie Stegenga tredde. Om de hearen net te folle te frustrearen mocht Lolke Bouma mei de taheakke 4de priis nei hûs.

Meinte Sixmatoernooi
Sneon om 8.45 oere it Meinte Sixmatoernooi foar de pupillen.
 
Seleksjes 
Moarn binne der in oantal seniorewedstriden. De seleksjes binne hjir letter te sjen.

Klusleafde
Juster heard yn de kantine: Ek moarn is it wer dreech om alle teams te foarsjen fan genôch spilers. Sommige spilers binne blesseard en oaren hawwe gjin klupleafde, mar……………. klusleafde.
 
Fertraagde weppers?
It soe samar kinne dat fanôf hjoed de kommende wike de weppers wat fertraagd binne. De wepmasters binne der in wike op út. De mooglikheden om te wepperjen wurde op it fakansjeplak beoardield.
Mail jim nijs yn alle gefallen nei
beide adressen.

Harsens derby (316)noch in kear)
Ôfrûne tiisdei hienen wy hjir in filmke fan Van der Sar. Om ’t sommige him mist hawwe is dy hjir nochris: