Weppers sneon 21-1

Weppers freed 20-1-2017
20 januari 2017
Weppers moandei 23-1-2017
23 januari 2017

SDS1 oefent


SDS 1 hat sneon thús oefene tsjin twadde klasser Nijland 1. Op it geweldich te bespyljen fjild wie Nijland de fellere ploech yn it begjin . De keardels út Nijlân (oer it ginneraal allegear in kop grutter) sieten der gelyk boppe-op en SDS krige gjin kâns om op te bouen. Sa no en dan koe SDS trochdringe ta it fijanlik doelgebiet. Dat it 0-1 waard en ek noch 0-2 foar de tee wie net nuver, hoewol it ferdigenjen bij SDS op dy mominten net oer hold.
Yn de twadde helte mei de nedige wiksels it selde byld. Nijlân eage fit en se dûkten dan ek meardere kearen op frij foar Jaap Toering. Twa kear koe hij Nijland fan skoaren ôfhalde mar de 0-3 kaam wol op it boerd.
SDS die 10 minuten foar de ein dochs noch wat werom. Teun Heeres makke troch eigen tadwaan de 1-3. Skiedsrjochter wie Friso Albada.

SDS VR 1 oefent ek

Om 12 oere wie de oefenwedstriid SDS VR 1 – DTD VR1. It waard in oerwinning foar SDS nei in rêststân fan 3-1 waard it úteinlik 4-1. De doelpunten wiene fan…..Tjitske Heeres.

Efkes Balje

Wylst Easterlittens op de iene helt trainde wiene der mar leafst 16 Efkes Ballers op de oare helt dwaande. In geweldige opkomst mei wer in aardich jeugd gehalte. Yn de grutte partij hiene de jongsten fierwei it meast balbesit mar gong “^ald”der mei de oerwinning fan troch.
Bij it “trije-út” partijtsje waard it 3-2 foar jong.

Bûtenspul

Ek hjoed tidens SDS 1 – Nijland 1 wer tal fan sitewaasje wêrbij de flagge omheech gie en oare deskundigen as de assistent skiedsrjochters mienden te witten dat it net sa wie. It sil altyd in punt fan diskúsje bliuwe. “Ofskafffe”sa hat van Basten betocht.  Der binne tal fan redenen te betinken wêrom dat net ferstannich is. Sjoerd Mossou fan it AD  foegt dêr ek twa oan ta.

 

 

 

 

 

Twitter

Twitter is in snel medium en as fuotbalklup kinne wij dêr ek net mear sûnder. Wa’t sels net twittert kin it wol folge op ús wepside. Hielendal rjochts boppe-oan kinne jim klikke op it fûgeltsje en dan is te sjen wat er twittere is. Better is fansels om sels in fergees twitter account oan te meitsjen
Wij hawwe no 697 folgers op twitter en de lêste dy’t er bij kaam wie