Weppers moandei 22-6

Bekomweppers
21 juni 2009
Weppers tiisdei 23-6
22 juni 2009

Frij hurd
Dat ien fan de wepmasters wol fan in stevich stikje musyk hâldt is de measten wol bekend. Hy wie ôfrûne sneon
yn Nijmegen by Metallica en kaam dêr û.o. de SDS’ers Marco Hoekstra, Erwin de Boer en Feite en Klaas de Haan tsjin. No docht bliken dat ek dy oare wepmaster net smoarch is fan wat gitaargeweld. Hy wie sneon yn Teater Romein(klik hjir).

Ek hurd
Jûn om 19.30 sil der wer in WK plakfine op it skopfjild fan Wommels. It kin der wol wer ris hurd oan ta gean.

Net sa hurd
De KNVB is drok dwaande mei de kompetysje-yndielingen foar de net-standaard-teams. Sy ferwachtsje it ein july klear te hawwen(klik
hjir).

Hartstikkene hurd
Juster kaam hjir de promo foar de film Fitja op de webside. It giet mar hurd mei it oantal besikers fan de promo. It filmke is ynmiddels al 150 kear besjoen. Foar wa ’t him noch net sjoen hat klik
hjir.

Hurd oan ‘e bak
Bobby Haarms jûch jierrenlang by Ajax de hersteltraining. Hjir moasten de Ajax-spilers dan flink oan de bak. Trije wiken werom is Bobby Haarms stoarn. Hy seach net tsjin de dea op:
‘Ik ben niet bang voor de dood. Misschien zit Onze Lieve Heer wel te wachten op een hersteltraining. Nou, dan kan-ie behoorlijk aan de bak.’
(klik
hjir).

Keihurd
De bondskoach fan Turkije, Fatih Teriom stiet bekend om syn donderspeeches. Hy lit syn hannen hjir ek altiten aardich by wapperje:


Nijs?
Mail it nei info@vv-sds.nl!