Bekomweppers

Weppers freed 19-6
18 juni 2009
Weppers moandei 22-6
22 juni 2009

Bekomme
Nei 3 dagen fan alles en noch wat is it hjoed in dei om te bekommen. It is ommers mar ien kear yn it jier Heitedei. Hiel miskien hawwe wy hjoed noch wol wat weppers, mar earst efkes op de bank lizze………

Bekomme (2)
 
De froulju fan SDS binne fêst ek oan it bekommen. Op dizze foto fan Teade de Boer steane se klear om de kettingbrêge oer te gean.

Bekomme (3)

Under lieding fan kopfrou Janneke……

Bekomme (4)
Bekomme dat wol hiel goed at je lekker lui op de bank lizze mei je laptop en
dit filmke fan Fitja besjogge.

Bekomme (5)
Juster hat Dirk-Yde meidien oan it strânfuotbaltoernoai yn Oudemirdum. Wy hienen tocht dat hjir mear SDS’ers oan meidwaan soenen. Dy sille allinnich wol oan it bekommen west wêze:

De mannen binne oars wol sân wend.


Yn ’t sân kinne je ek wol bekomme

Bekomme (6)
Nei in dei bekommen te wêzen, moat der ek wer wat barre. Moarntejûn dus mar wer efkes bolje. Moarn om 19.30 sil der dus wer in WK plakfine op it skopfjild fan Wommels.

Bekomme (7)
Erik Haitsma is fêst ek oan it bekommen. Nei syn ynhelrees. Yn Sint Jabik bij it haadklassekeatsen stie hij yn de heale finale skjinne 5 earsten en skjinne 6 efter mar tanksij syn geweldige kondysje (opdien op it WK) en syn hurde trainen (op it WK)  koe hij mei syn maten de partij winne op 5-5 en 6-4. Erik ferlear yn de finale. Syn maten ek.


Nijs?
Mail it nei info@vv-sds.nl!