Weppers tiisdei 23-6

Weppers moandei 22-6
22 juni 2009
Weppers woansdei 24-6
24 juni 2009

Oare sporten (1)
No’t der allinne mar fuotballe wurdt op it WK yn Wommels sykje SDS-ers fansels oare fertier. Sa koene wij lêze dat Dirk Yde beachfuotballet op it strân (wij ferwachtsje noch in foto) en sa wiene der in hiel nussie fuotballers snein te teatsen yn Mantgum.  En de winners komme ús bekind foar. Sjoch
hjir.

Oare sport (2)

Jan Stenekes hat dit jier net folle fuotballe. Hij is temûk yn training om takem jier wer mei skerp te sjitten. 

Oare sport (3)

Sjitte is neat foar Aant, hij is mear de man fan in baltsje hjir, in baltsje dêr. Hjir oefent hij de ôfslach bij it golven (it moat net gekker wurde).

Oare sporten (4)
Wij ferwachtsje noch folle mear foto’s fan SDS-ers yn oare sporten. Wij tinke dêrbij oan it in fierljeppende Klaas Kamstra, in skutsjesilende Durk Okkema, in honkballende Jaap Toering, in softballende Sjoerd van Beem, in hockeyende Jitske Plantinga en in rugbeyende Pieter Groenveld. Mail de foto nei ús adres.

Oare sporten (5)
Is it miskien better om de folgende kear in WK-damjen te organisearjen?
Pré WK 22-06-2009
In swarte dei foar it WK. Sa as al earder oankundige soe it in fysyk hurd WK wurde. Neat wie minder wier, nei in kertier fuotbaljen gebeurde it folgende; Nei in magistrale foarbeweging fan ‘yours truly’ gie ien fan de spilers fan it donkere team nei de flakte. Blessearre krûpte der fan it fjild ôf en hij frege om wetter wat wij net koene betsjinje op dat momint.
Nei in wat lêbige poging om tôch wer te fuotbaljen, taaide de spiler, ûnder it boe-gerop fan it 4 man sterk publyk, al snel ôf nei hûs.
WK spilers moatte no wol ris witte dat je sterk yn je skuon moatte stean op it WK, it waar sels foar dizze  edysje noch oankundicht op de side!
Nee Ralph, do wurdst bedankt!
Nammens NJOGGEN (ÛNEFEN) man,
Eeltje, Erik, Jacob, Willem, Mark, Henk, Hjalmar, Ate Feike, Hendrik E.
PS: betterskip.

Oare sporten (6)
Dizze maskotte mei fan syn wurkjouwer in oare baan (of sport) útsykje. Hy waard nei dizze aksje ûntslein:


Nijs?
Mail it nei
info@vv-sds.nl!