Weppers moandei 22-10

Weppers snein 21-10
21 oktober 2012
It Meinte-Sixma-toernoai
23 oktober 2012

SDS 1 sil oefenje
SDS 1 sil tiisdeitejûn oefenje tsjin Nijlân 1. De hiele A-seleksje wurdt om 19.00 by de Skoalleseize ferwachte. De wedstryd yn Nijlân begjint om 20.00.

Bûtenspul?
SDS 2 wûn sneon troch in goal yn de 93e minút fan Ayanle. Dizze goal stonk nei bûtenspul. Úteinlik kin allinnich in foto fan Henk Bootsma ús antwurd jaan:

It hinget derom……….

De groetnis fan…

Gelf Eringa (Age 56) en Pierkje krije de Treffers fan Spannum en Winsum altiten en dêr sjogge se nei út. It giet al wer aardich better mei Gelf neidat der yn augustus aardich wat omliedingen makke binne. Gelf hopet fansels al wer in kear bij SDS te kommen.

Olympia ’28
Dy jonges fan Olympia 28  2 treffe it dit jier ferskuorrendst. Sij leare hiel Fryslân kinnen omdat se bij hast allegear Fryske ploegen ynsitte. Doe’t de jonges sneon te kantine útkamen wie harren grutste soarch: hoe komen wij hier weer vandaan.
Der waard in foarrider oanwezen en elkenien folge nuodsum om foar te kommen dat se yn dizze kontrijen ferdwaalden.

Frije alvetallen oersicht
Der stappe hieltyd mear alvetallen út de kompetysje sa’t it liket. DE KNVB hat dêr wat op betocht. At je in sneon “it ûneven frije alvetal” binne dan kinne je
hjir sjen at der ek in attraktive tsjinstanner is dy’t ek frij hat.

Jaloersk
Wylst Johan Delfsma by in saaie wedstryd yn Dútslân siet, mochten syn heit en mem op Johan syn wûn VIP-kaartsjes foar SC Heerenveen-FC Groningen nei it Abe-Lenstrastadion.

Johan syn mem better te plak as Johan

Harsens derby(869) 
Hange!