Weppers snein 21-10

Ut en ferslagen 20-10
19 oktober 2012
Weppers moandei 22-10
21 oktober 2012

Der Johan
Net ien fan SDS 5 leauwde fansels dat Johan Delfsma yn it wykein fan de derby SC Heerenveen-FC Groningen in wykeintsje fuort is. Juster krigen wy it bewiis fan Johan sels. Hy wie by Eintracht Frankfurt – Hannover ’96. “Einútslach 3-1, moai stadion, slechte pot”.


Meinte-Sixma-toernoai
Der hawwe 100 bern sich opjun foar it Meinte Sixma toernoai. It wurd grif in spannende middei!  Allegear op tiid der weze woansdei. Sammelje tusken 12:30 oere en 12:45 oere. It toernoai is tsjin 17:00 oere dien.

Foto’s
Soe it de tiid fan opromjen wêze? Justermiddei krigen wij samar wer wat foto’s en kranteknipsels taskood fan Tinus Hoekstra en Appie Posthumus. Wij kinne wer efkes foarút mar hawwe jim ek noch âlde foto’s dan binne se altyd
wolkom.

De A’s
Wij hawwe alle A’s no wer wer yn byld. At alles goed giet, kinne jim se
hjir sjen.

Harsens derby(868) 
Froulju wolle graach fuotbalje en dan moatte sy ek dingen lere as b.f. “reetkurfe” of “asshole”. Dizze frou hat noch net hielendal begrepen hoe ’t it spultsje wurket: