Ferslagen sneon 19-11

Weppers freed 18-11
18 november 2016
Weppers snein 20-11
20 november 2016

It meast aktuele programma fan sneon kinne jim hjir sjen.  Ek de útslaggen fan de spile wedstriden kinne jim dêr yn de rin fan de dei fine. Binne der wedstriidferslagen, dan komme dy ek hjir. Mei oare wurden: alles wat mei de wedstriden op sneon  (en in bytsje op freed) te meitsjen hat, komt op dizze bledside. Leuke en nijsgjirrige saken, wedstriidferslagen en in fotootsje kinne maild wurde nei info@vv-sds.nl en sds-nijs@home.nl.

Makkumer jonges – SDS meiden

De spanning hangt al dagen in de lucht. Een veel besproken onderwerp op school. Zaterdag 19 november gaat er een oefen wedstrijd plaatsvinden tussen de Makkumer jongens en de SDS meiden. Het was voor het eerst dat de MO 15-2 op een heel veld zou gaan spelen. Niet iedereen kon aanwezig zijn, dus er kwam versterking van de MO15-1. Het gemengde team werd geleidt door Bauke Tolsma, met Bauke Terpstra als vlagger.
De aftrap vond exact om 10.45 plaats. Al na een minuut of drie raakt Nynke geblesseerd en moet ze helaas de rest van de wedstrijd vanaf de zijlijn bijwonen. Er zijn geen reserve spelers bij SDS, maar gelukkig is de oud SDSer Ilse Walstra de trainer van Makkum en valt ze in voor Nynke. Terwijl Bauke voor Nynke zorgt, schiet Fenna de bal in de goal van Makkum. Volgens de Makkumer supporters was het vrouwelijk schoon een te grote afleiding. Makkum wist zich te herstellen en de 1-1 was dan om 11.13 een feit.
Na de rust ging Sietske Rommie voetballen en Emma keepen. Femke Terpstra mag om 11.35 een vrije trap nemen, die prachtig over de Makkumer keeper in de linker bovenhoek geschoten wordt. Makkum scoort drie minuten later de 2-2. Makkum krijgt de smaak te pakken en maakt niet veel later de 3-2. De wedstrijd blijft spannend. Fenna scoort de 3-3.
Makkum komt er nu goed in en weet nog twee keer te scoren. De eindstand is dan ook 5-3 in het voordeel van Makkum.
Het was een prachtige, sportieve wedstrijd. De dames kunnen trots op zichzelf zijn. Een mooi samenspel van een gemixt team. Maar het waren de jongens van Makkum die zingend onder de douche stonden. Succes op school meiden, de komende week!
Bauke en Ilse bedankt voor het regelen en leiden. Bauke Terpstra, bedankt voor het vlaggen. Top!

SDS VR 1 –  Scharnegoutum VR   6-1

Foarútrinnend op it ferslach dat wij seker wer krije , no mar efkes de twa doelpuntenmaksters melde. Agnes de earste en Tjitske de oare fiif.

It ferslach:

De derby tsjin Skearnegoutum vr1. De spanning wie te fielen, mar alle dames woene sa graach winne. It motiverende wurdsje fan Mark die us goed en fanôf minuut 1 setten wy druk, dit resulteerde yn de twadde minuut op een 1-0 foarsprong troch Agnes.
Skearnegoutum fuotbalde matich en koe gjin grip krye op it spul fan SDS, derbij mat sein wurde dat wij it foardiel hien dat wij op kunstgers mochten spielje. De bal oer de sydline spylje wie dan ek DE oplossing foar harren.
SDS wist dat der mear gebeure moast dan de 1-0 foarsprong, want we witte út erfaring dat Skearnegoutum in gefaarlijk team is. It duorre efkes, mar yn de 30e minuut begûn Tjitske oan de reeks goals dy’t folgje soene.
Yn it lêste kertier fan de earste helte wist Tjitske mar leafst 4 kear de bal yn de goal te kryen troch moaie foarsetten fan Jeska, Sieta en Agnes. Achteryn stûn it goed ticht en Skearnegoutum krige hast gjin kansen. De twadde helte wie it wol oars, Skearnegoutum spile alle ballen oer de sydline en SDS krige hast gjin grip op it spul.
Een penalty soarge foar Tjitske har 5e goal in dizze wedstriid. Dat Skearnegoutum dan oan it einde toch noch een goal makke kaam troch min ferdedigingswurk, mar de 6-1 winst wie binnen en der wiene we hartstikke bliid mei.

Famkes MO 13-1 winne mei grutte sifers yn Dronryp

MO13-2016
De famkes moesten hjoed út spylje yn Dronryp. In wike earder wie SDS al sterker tsjin dizze ploech mei 3-0 winst. We wiene net op folle sterkte omdat Nynke siik wie dat de famkes  wisten dat alles út de kast moast. Op in striemin- en wiet fjild wie it de earste minuten efkes sykje mar al gau sette Mare de ploech op 0-1. Judith kaam dernei mei in doelpunt sadat der wat wissichheid yn de ploech kaam. Us ferdediging wie super sterk mei Minke Postma en Menna yn de haadrol. As se de bal pakten spilen se direkt it middenfjild oan sadat de bal al wer gau by de spitsen wie. Mare kryg him wer foar de wreef en twifele net. Boem 0-3. Larissa makke de lêtste foar de rust dat mei 0-4 oan de ranja. Lisa wie us keeper en hie it doel keurich skjin hâlden foar de rust. De famkes sieten de twadde helte al in bytsje yn de oerwinningsroes en dat kaam se op in tsjindoelpunt te stean. Wer efkes op skerp en der wie Minke Hoekstra die fia Rixt op it middenfjild it fiifde doelpunt makke. Dernei kaam Larissa los en knalde Messiaans de 6 en 7 binnen. Judith die der noch in skepke boppe op mei in doelpunt. Lisa seach noch in bal yn de touwen ferdwinen mar dat makke neat út wat se hie al goed keept. Noch in lêtste doelpuntsje foar ús sette de einstân op 2-9. Wat in topteam hat SDS mei dizze famkes. It wie ien grut feast yn it buske wer werom. De trainer fan de famkes Theo Postma wie ek nei Dronryp kaam en seach in soad saken út de training werom. Hy seach dat it goed wie. Wat wolle jo noch mear..?

Peter en Geert

SDS JO 11-3 – ONS JO 11-4

Wer in berjocht fan in blide koach: SDS JO11-3 hellet thús út mei 12-0 tsjin ONS JO 11-4 en pakt it tredde plak yn é kompetysje.

Efkes Baljen

It Efkes Baljen gie freedtejûn oer trije dingen. Nee, ik fergis mij oer 4 dingen.
Ding 1 wie it it earste doelpunt wat ploechje 7 makke.
It doelpunt waard net erkend troch ploechje 8.
Besjoen fanút ploechje 7 wie der neat oan de hân, mar ploechje woe foarkomme litte dat de bal noch net echt yn it spul brocht wie, doe’t er skoard waard.
It bleau dêrom de hiele tiid in wedstriid mei twa “skoareboerden”. It kaam bij alle doelpunten wer oan de oarder as punt fan diskusje.
buienradar
De diskusje ferstomde efkes doe’t ding 2 fan boppen kaam. Dat wie in koarte stevige bui mei hurde kâlde rein en hjir en dêr in heilstientsje.
Buienradar waard ferflokt, want it die bliken dat de measten fan te foaren wol efkes sjoen hiene at it wol droech bliuwe soe. Ja dus, gjin bui te sjen.
De grutte partij einige yn 7-6 foar ploechje 7 neffens ploechje 7 en einige yn 6-6 neffens ploechje 8. Begripe jim der noch wat fan?
Klokslach 20.30 moast Chiel fuort en doe waard ploechje 7 ynienen ploechje 6. Sjoen de tellerij fan de earste partij en de sebeare fersteurde ferhâldingen siet in transfer fan immen fan ploechje 8 nei ploechje 6 der net yn.
Yn de beslissnde finale “twa doelpunten út” kaam ding 3 en ding 4 om de hoek sjen. Dy wiene frijwol gelyk oan elkoar. It gie om net ien mispear mar twa misparren, wêrtroch ploechje 8 twa kear hiel maklik skoare koe. Bij it sjurtsjewikseljen wie der gjin belangstelling foar it sjurtsje fan Pieter de Boer.

Ploechje 7 (letter ploechje 6) : Douwe Dirk, Theo, Remco, Ferrie, Aant, Pieter de B, Chiel
Ploechje 8: Folkert Rients, Dennis, Wouter, Pieter V, Menno, Harrie, Johan, Klaas