Weppers moandei 2-9-2019

Sneon 31-8-2019
30 augustus 2019
Weppers woansdei 4-9-2019
4 september 2019

Floris Hiemstra ‘leider’ by JO19-1

Floris Hiemstra hat oanjûn dat hy trainer Henk Mulder yn elts gefal by de thúswedstriden fan de JO19-1 wol bystean wol as leider. Ofrûne sneon wie Floris trainer-koach by de mannen om ’t Henk Mulder wat oars hie.

SDS 1 sneon tsjin sc Berlikum

Kommende sneon is der wer in bekerwedstriid fan SDS 1. De útwedstriid dy’t op it programma stiet is tsjin sc Berlikum 1, ek in tredde klasser. Ofrûne sneon spile sc Berlikum tsjin sc Franeker 1 en dy bekerwedstriid einige yn 2-2 neidat sc Franeker mei 2-0 foarstie.

SDS JO 10-1 woansdei los

It feest yn Skearnegoutum is wer foarbij en dus kin de wedstriid SDS JO10-1 tsjin Scharnegoutum JO 10-1 no spile wurde. Woansdeitejûn om 18.30 yn Easterein.

SDS Vr1 woansdei ek los

Sneon koe it net trochgean, woansdei wol. De froulju fan StDronrijp/Foarút komme nei Easterein foar de bekerwedstriid tsjin SDS VR1. It begjint 20.00 oere.

SDS-League

De transfermerke slút hjoed yn Nederlan, dus dus hoopje wy moarn de nije formulieren klear te hawwen. Teams meie ynlevere wurde foar sneon 14 septimber. Je kinne hjir wol alfêst in foarlopich team meitsje.

Harsens derby (2152)

Wat ús oanbelanget oant no ta de moaiste aksje fan 2019!

Letter miskien wol mear!