Weppers moandei 2-8-2021

Gelokkich ha wij de filmkes noch
1 augustus 2021
De earsten fan Bauke en Jelte-Pieter
3 augustus 2021

Nijland

Fuotbalferiening vv Nijland bestie snein 1 augustus 75 jier.  De hertlike lokwinsken fanút SDS en wij hoopje op noch op 75 jier streekderbys.

SDS 1 sil los!

Tongersdei sil SDS 1 foar it earst wer traine foar it nije seizoen 2021-2022.

Beker SDS 1

Wij koene de agenda earder al fulle mei de  data fan de bekerwedstriden.  No kinne wij ek oanjaan wannear wat is.

4 septimber: AVC 1 – SDS 1
11 septimber: SDS 1 – CVO 1
18 septimber: SDS 1 – Minnertsga 1

Beker SDS 2

4 septimber:   SDS 2 – Flevo Boys 3
11 septimber: Balk 3 – SDS 2
18 septimber: SDS 2 – Nijland 2

Beker SDS VR1

4 septimber:   MKV ’29 VR 1 –  SDS VR1
11 septimber: SDS VR1 – Leeuwarder Zwaluwqen VR 1

PC earsten

Wij tochten it is hast dien mei de keatsende fuotballers fan SDS op de PC.  Mar mei trije dielnimmers, Bauke Dijkstra, Jelte Pieter Dijkstra en Jacob Klaas Haitsma fiele wij ús ferplicht om jim wer efkes te freegjen hoefolle earsten dizze twa Dijkstra en feteraan Haitsma helje. 

Dit berjocht hiene wij sneon al makke. omdat  de ienige spiler wêr’t noch wat twivel oer wie, ús witte liet dat meidwaan yn Wommels genôch wie om him te pleatsen.  It foel Jacob Klaas dan ek raar op it dak dat hij krekt bûten de PC boat falt mei syn partoer.  De earsten fan Jacob Klaas sille dus 0 wêze………

Mail nei aant@vv-sds.nl of app nei 06-55117582.

Foar de winner is der in jier lang de prestisjieuze titel: keatskenner fan SDS

Oefenwedstriid

Jong scHearrenfean oefent op tiisdei 10 augustus yn Nijlân tsjin Nijlân 1. Publyk is fan herte wolkom en de tagong is fergees. It begjint om 19.00 oere