Weppers moandei 16-6

SDS-WK-Pool: Johan boppe-oan!
16 juni 2014
Weppers woansdei 18-6
17 juni 2014

De Treffer
De nije Treffer leit by ús drukker Van der Eems en as alles meisit dan leit dy kommend wykein by jim op de matte!

SDS 4 derop út!
SDS 4 hat ôfrûne sneon syn seizoen ek ôfslúten en dat like aardich slagge (klik op de foto om te sjen wa’t dit binne)


Ayanle nei Wispolia
Ayanle Barkat giet folgend seizoen nei Wispolia yn Terwispel te fuotbaljen. Wy koenen ús mar net betinke wat hy dêr yn Terwispel te sykjen hat oan ’t Dirk de Jong ús tipte oer de kroechbaas yn Terwispel; Jolke(klik
hjir)!

Alderaardichst
fashion2

WK
Y.f.m. Dútslân-Portugal jûn begjint it Wommelser Kampioenskip jûn wat letter. Dit kear net om 19.30, mar 20.00. Op it skopfjild yn Wommels.

WK yn de kantine
Woansdei moat Oranje wer en dat is al om 6 oere. Wat it fuotbale op in grut sjen wol en fan te foaren net oan tiid hat om te iten kin foar in gaadlik priiske yn de kantine ite. In spesjaal WK menu.


Harsens derby(1298)
Dy Japanners kinne dit WK noch wolris ferrassend út de hoeke komme………….. Of út de grûn……