SDS-WK-Pool: Johan boppe-oan!

Wykeinweppers
14 juni 2014
Weppers moandei 16-6
16 juni 2014

De earste wedstriden fan it WK sitte der op en it wurdt dus heech tiid om ris efkes nei de tuskenstân fan de SDS-WK-Pool te sjen. Der dogge 32 lju mei en dêrfan is it Johan Delfsma dy ’t mei Samba-Nederland fier oan kop giet. Hy hat mar leafst 16 punten mear as nûmer 2 “Supersubs” fan Dirk de Jong. Yn it “Overaal-klassemint stiet Johan sels knap 2e. Foar jûn sjocht Johan Dútslân mei 2-1 winnen fan Portugal.

Dit binne neffens de SDS’ers de kânshawwers om wrâldkampioen te wurden:

Brazilië 47 %
Argentinië 31 %
Spanje 9 %
Duitsland 9 %
Nederland 3 %

Ûnderoan yn de SDS-WK-Pool stiet “Bla-bla-blafke” fan Ate Feike de Boer. Hy hat 27 punten en dat binne der 10 minder as ien nei lêst “Hey Ho Let’s Go” fan de wepmaster mei it measte hier(op de kop wolteferstean).

De stân kinne jim hjir sjen. Sykje op Subpoolcompetitie; “SDS-WK-Pool“.

fashion2

Lullich…..