Weppers moandei 13-5

Weppers snein 12-5
12 mei 2013
Weppers tiisdei 14-5
13 mei 2013

Programma
Ek dizze wike noch in oantal trochdewykse wedstriden.

14-5-2013 19:00 SDS D3 – SWZ D6
15-5-2013 19:00 SDS E3 – SJO JV Bolsward E4
15-5-2013 19:00 SDS F4 – Hielpen F1
16-5-2013 19:00 SDS B1 – Frisia B3

Gjin trainen
Dinsdagavond is er geen trainen voor A1 en de A-selectie.
Met vriendelijke groet,
Jaap de Blaauw


Fersetten
SDS 5 – Oudehaske 5 is verzetten naar 22 mei om 19:00
groetjes, Andre

Ôfskie
Jan-Simon Jelsma en Robert Sybesma hawwe sneon ôfskied naam fan SDS 2. Sy sille folgend seizoen in stapke werom dwaan.


Robert en Jan-Simon oereidsje harren tiid yn SDS 2 noch efkes.


Twadde klasser
No’t degradaasje wis is sjogge wij noch efkes werom nei it twadde klasserskip fan SDS 1. Yn it seizoen 2005-2007 spile SDS yn de earste  klasse. Dêrnei dus 7 seizoenen oanien yn de twadde klasse.
De einposysjes wiene: 5de, 4de, 8ste, 10de, 10, 11de en  13de.

Tredde klasse
Wij sjogge al fêst efkes foarút nei de tredde klasse. Yn 3A kin SVM, NOK en Oudehaske noch kampioen wurde. Nijsgjirrich binne de perioden. Oudehaske hat al ien, TOP ek, en de tredde liket nei Nijland te gean. Kommende sneon noch folop spanning yn dy klasse.
Yn 3B is Zeerobben de kampioen en de perioden binne foar Zeerobben en SC Stiens. Foar de tredde periode binne noch hiel wat kandidaten.

Boiler
De boiler bij de klaaiboksen is lek. It doel is om dizze hjoed meitsje te litten mar at dat net slagget dan betsjut it jûn “kâld brûze”.

Harsens derby(1026)
Hie der de penalty it stadion útsjitten dan wie Leicester City nei de folgende ronde. It rûn krekt efkes oars…….