Weppers moandei 13-5-2019

Sneon 11-5-2019
10 mei 2019
SDS-League: ‘Sapper De Vlap’ pakt op ‘e nij de wykpriis!
14 mei 2019

Pupillen fan de wike


It lykje 4 pupillen fan de wike, mar dit binne de 2 pupillen fan de wike, Daniël Veenstra en Sibrand Stremler, yn de midden en harren favoriten Wierd Hofstra en Habtamu de Hoop op de sydkanten.

Keal

Steven Vellinga fan SDS JO19-1 wol dit seizoen graach kampioen wurde en hat dêr alles foar oer. Sels syn prúkje hier. Om kampioen te wurden moast der ôfrûne sneon sawisa fan sc Berlikum wûn wurde en hjir woe Steven syn prúk wol beskikber foar stelle. Nei de 4-0 winst moast hy der dan ek oan leauwe.

Programma woansdei 15 maaie

Kommende woansdei 15 maaie binne der 2 wedstriden yn Easterein. SDS 4 spilet om 19.30 oere tsjin Heeg 3 en SDS JO9-1 mei om 18.30 oere tsjin Nicator JO9-1. SDS Vr.1 soe tsjin sc Joure Vr.1 spylje, mar sc Joure kin net.

Sneon muzyk fan Jan-Joost!

Sneon spylje SDS 1 en 3 harren lêste thúswedstriid fan it seizoen. Om dit te fieren hat SDS 3 Jan-Joost regele om efkes te sjongen. It dak koe der sneon wolris ôf gean.

SDS’ers derop út!(1)

In bult SDS ‘ers sieten juster yn de Kuip om Robin van Persie út te swaaien.

SDS’ers derop út!(2)

De technyske staf fan SDS 1 en 2 seach PSV snein wichtige punten ferspyljen tsjin AZ.

Sneon 25 maaie SDS-slotfeest mei muzyk en barbecue

Op sneon 25 maaie spylje alle senioaren fan SDS harren lêste wedstriid fan it seizoen en is der foar de froulju in frouljusfuotbaltoernoai. Wy wolle dan lyk it seizoen feestelijk ôfslúte mei muzyk fan Sjouke van Kammen en in barbecue. De barbecue kostet 10 euries per persoan. Frijwilligers fan SDS meie fergees! Je kinne je hjir alfêst opjaan of fia je leider!

SDS-League

Dit wykein waard der folop fuotballe yn de Eredivisie, dus der is ek wer in nije stân fan de SDS-League. Wy hoopje moarn of woansdei mei de nijste stân te kommen

Harsens derby (2130)

Ho!