SDS-League: ‘Sapper De Vlap’ pakt op ‘e nij de wykpriis!

Weppers moandei 13-5-2019
13 mei 2019
Jou dy op foar de SDS-slotjûn foar de jeugd!
15 mei 2019

It is dizze wike op ‘e nij ‘Sapper de Vlap’ fan Bauke Dijkstra en Dirk en Stefan Kuperus dy ’t de wykpriis pakt mei 62 punten. Nei in (dielde) wykpriis yn wike 2 en in wykpriis yn wike 10 kin it seizoen no al hast net mear stikken. In plakje yn de top 10 soe miskien noch wol aardich wêze. Undanks al dy wykprizen stiet ‘Sapper De Vlap’ noch mar 12e.

Wy hawwe wer in nije koprinner! ‘Beter Horen’ fan Frank Bervoets stie 3e, mar nimt it 1e plak oer fan ‘Dirk’s Angels’ fan Dirk Stegenga. Jelmer Brouwer bliuwt mei ‘Brouwerpower’ hjir tuskenyn stean op it 2e plak.

‘FC Underdog’ fan Anouk Delfsma docht it prima mei in 4e plakje en grypte sels mar krekt njonken de wykpriis mei 60 punten. Anouk is bliid mei in 4e plakje, mar miskien noch wol wizer mei it ferskil mei har heit Johan Delfsma dy ’t mei ‘Vla’p’flip’ net heger stiet as in 15e plakje.

‘Torpedo Toering’*** fan Jaap Toering makket wat in anonym seizoen mei sûnder wykprizen en in 11e plakje. It kratsje bier fan Sjoerd van Beem stiet al wiken klear, want ‘Aan de kant ik moet naar’t stadion!’ hat in noch anonimer seizoen mei in 33e plakje.

Underyn bliuwt ‘Henkie Cola’ fan Henk Postma de hâlder fan de reade lantearn. Hy hat mei noch ien wike te gean noch in hiel lyts bytse konkurrinsje fan de mannen fan SDS 2, ‘Anne Steen op nr.1’ fan Anne Stenekes en ‘SDS 2’ fan Jeroen Brouwer.

De einstân fan de SDS-League komt nei it wykein.

 

SDS League 2018-2019 twadde helte wike 12