Weppers moandei 12-3

Weppers snein 11-3
11 maart 2012
Nijs SDS-froulju en -famkes
12 maart 2012

ONR 1 – SDS 1
Wij binne bliid mei in ferslach op de side fan ONR. Sa kinne wij de SDS leden ek op de hichte stelle fan de prestaasje fan SDS 1. Sjoch
hjir

Jierdei op sneon
Wij ha de jierdeikalinder der wer efkes bijhân en sjogge dat der sneon hiel wat te fieren wie.
Immy Kamstra, krekt út it bestjoer fan SDS mar noch altiten tige belutsen bij de klup is sneon 57 jier wurden.
Inne Heerma, freed feest mei pake en beppe en sneon jierdei: 13 jier is hij wurden.
Jan Sytsma, helle sneon mei syn ploech D2 in moaie oerwinning en hij is ek noch 12 jier wurden.
Fan herte lokwinske allegear.

Jierdei op snein
Dirk van Balen (D3) wie juster jierdei en hij is ek 12 jier wurden. Lokwinske.

Jierdei op moandei
Wij binne wer bij mei de fermelding dat Bauke Reijnhoudt hjoed 9 jier wurden is.

Da 2
Wij hawwe fan meardere kanten fernommen dat Da2 noch altiten bestiet. It MC1 team wurdt opsplitst yn in hiel Da2 en in diel MD1. En dy MD1 , dat binne de jongste famkes dy geane yn 7 tsjin 7 kompetysje.
In moaie oplossing sa liket it ús omdat elkenien dy’t fuotbalje wol no ek fuotbalje kinne.

Tiisdei
Foar de leafhawwers dy’t net hoege te trainen is der tiisdeitejûn in moai bekerpotsje yn Snits. Boso SWZ – Boso ONS. It begjint om 20.00 oere.
Mar je kinne fansels ek kieze foar Drachtster Boys Harkemase Boys.

Harsens derby (708)
Dizze man giet dúdlik flink út syn dak nei in goal, mar hoe komt hy no werom? 
sporting charleroi Over de hekken: Charleroi