Weppers snein 11-3

Utslaggen sneon 10-3
9 maart 2012
Weppers moandei 12-3
11 maart 2012

Supersneon
It liket miskien neat út te meitsjen, mar it makket grif in grut ferskil at wepmasters in ferliesútslach of in winstútslach melde moatte. Wij kinne melde dat wij dizze kear tige optein binne troch al dy goeie útslaggen. Foaral de jeugd hat juster in geweldige skoare helle.
Net ûnfermeld mei bliuwe dat de twa debutearjende ploegen F5 en F6 beide in útwedstriid wûnen. F6 moast der sels hielendal foar nei Munnekebuorren.

Ferslachjes
De fêste skriuwers hawwe harren al wer melden mei in ferslachje fan juster. De reis nei en de wedstriid tsjin Munnekebuorren fan de superstjerren fan F6 kinne jim ek sjen
op dizze side.

Kampioensfoto E5

Einliks wie it safier. De kampioenen komme op de kampioensfoto. Robert Schildkamp rikte juster de medaljes út oan de mantsjes fan E5, dy’t yn it neijier kampioen wurden binne. Lieder Jelle Wiersma en Karst Tamminga geniete fol op mei.

SDS F1
SDS F1 gie dan wol mei 5-3 ûnderút tsjin EBC/Delfstrahúzen, mar de foto’s fan Henk Bootsma binne der neat minder om.

Fluch damjen Frysk spul
Binnen SDS binne ek in oantal minsken dwaande mei it damjen Frysk spul. Wij neame Fedde Wiersma, Stoffel Bouma en de man dy’t op de kampioensfoto hjir boppe stiet: Jelle Wiersma. Freedtejûn wie it kampioenskip fluch damjen en dat wie in spektakel dat live te sjen wie op ynternet. Ien fan de wepmasters liet Derksen en vd Gijp freed lofts lizze en lei plat foar it fluch damjen Frysk spul. Sjoch
hjir.

Poiesz munten
Fansels keapje wij foaral bij Jumbo mar der binne ek Poiesz klanten. Dit jier spitegernôch gjin muntenaksje foar SDS. Wij soene roppe wolle, bewarje de munten mar foar takem jier dan hawwe wij dan al in moai begjin.

Agenda MFT
Jim kinne de agenda fan MFT
hjir fine. Is dus altiten nei te sjen ûnder te kopke agenda rjochts ûnderoan yn it menu.

Zenuwwatte?
Giel Koenen fan E4 hat foar de wedstryd yn de auto wat lêst fan senuwen; “Heb jij ook zo’n last van zenuwpis?”

Harsens derby (707)
Somtiden is in assist moaier dan in goal: