Weppers moandei 11-11-2019

Sneon 9-11-2019
8 november 2019
SDS-League; ‘Hey Ho Let’s Go’ pakt de wykpriis!
12 november 2019

SDS’ers der op út!

Elts jier gean de mannen fan Overal efkes nei in fuotbalwedstriidsje yn it bûtenlân. Dit wykein gienen sy nei Berlyn om dêr te genietsjen fan Hertha BSC tsjin RB Leipzig. De thúsklup ferlear mei 4-2. Alderaardichst wie foar de wedstriid al it fieren fan de fans fan Hertha BSC fan de fal fan de muorre 30 jier lyn. Sjoch hjir mar ris.


Klaas, Samme en Syb yn it Olympiastadion.

De siikeboech

De siikeboech rekket stadich oan wer wat leech by SDS. By SDS 1 traint Hendrik de Jong wer en Habtamu de Hoop sil dizze wike wer los. By de JO19-1 hat Sjoerd de Boer sneon wer fuotballe en sil Stan Korbach ynkoarten ek foarsichtich wer los.

SDS-League

Moarntejûn rûn in oer as 18.58 oere hinne kinne jim hjir de nijste stân fan de SDS-League wer ferwachtsje. Mocht dit net slagje dan wurdt it woansdei.

Harsens derby (2178)

Sa kin it ek……………..

 

Daliks mear!