Weppers moandei 10-8-2020

SDS 1 en Vr.1 wer los!
8 augustus 2020
Weppers tongersdei 13-8-2020
13 augustus 2020

SDS 73 jier!

Wy winskje alle SDS’ers hjoed fan herte lokwinske mei de 73e jierdei fan ús klupke!

SDS Vr.1 wer los

De froulju fan SDS Vr.1 sille jûn foar it earst wer traine foar it nije seizoen yn de 3e-Klasse.

SDS JO19-1 wer los!

De manlju fan SDS JO19-1 sille nije wike tiisdei foar it earst wer los. Trainer Henk Mulder hie dizze wike wol los wollen, mar dat hie dan op Skylge moatten, want dêr sit de helte fan syn seleksje……

Nije kompetysje-yndielingen

De kompetysje-yndielingen fan de rest fan de senioaren en de jeugd wurdt troch de KNVB bekend makke op freed 21 augustus.

Sproeie

De Efkes Ballers treffe it mar yn Wommels. De Gemeente SWF hat fannemoarn spesjaal west om it skopfjild dêr te sproeien.

Froulju by de manlju?

By Foarút 1 fuotballet dit seizoen foar it earst yn Nederlân in famke yn it earste manljusteam. Sjoch hjir. Wy binne benijd wannear as Douwe Posthuma ien fan de froulju fan SDS Vr.1 of MO17-1 skout.

Fuotbalkwiske

By it Frysk Deiblêd hjoed in alderaardichst fuotbalkwiske.

Harsens derby (2241)

De Kelderklasse……..