Weppers tongersdei 13-8-2020

Weppers moandei 10-8-2020
10 augustus 2020
Weppers moandei 17-8-2020
17 augustus 2020

2019-2020

It seizoen 2019 – 2020 is fan sels memorabel. Yn maart komt er ûnferwachts in ein oan it fuotbal en dat wylst SDS 1 aardich yn in flow siet en de topposysjes nadere. Alle stikjes út de krante fan dat seizoen kinne jim hjir sjen. Ek alle oaren seizoen binne sa yn byld brocht.

It listje


Wij krigen ôfrûne sneon fan ús fêste korrespondint  fan SDS 4 in sms-ke.
Dat is al opmerklik want meast krije wij de doelpuntenmakkers troch fia messenger of whatsapp.
Dat er in doelpuntenmakker te melden wie koene wij ús net foarstelle en om earlik te wêzen sjogge wij ek net gelyk nammen fan de seleksje dy’t oerienkomme mei dizze kreten.
It soe ek wêze kinne dat de professionalisearring fan SDS 4 sokke foarmen begjint oan te nimmen dat der fia ferkaaide berjochten kommunisearre wurdt.
Mar it soe ek samar wêze kinne dat dit in boadskipperslist is foar in hyte dei op it wetter en dat de B foar bier stiet….. Wij binne benijd.

Plakboeken


Wij binne troch de plakboeken hinne of der moat noch wat fine wat wij noch net hawwe. Yn Boalsert diene se ek oan plakboeken en sa komt er noch wat nei foaren oer SDS 1 yn it seizoen 1959-1960. Wij liene dit stikje mar efkes …..