Weppers goedfreed

SDS League: Dijkstra’s pakke wykpriis!
6 april 2012
Utslaggen stille sneon
7 april 2012

Seleksjes
De seleksjes foar moarn kinne jim hjir fine.

Oefenje
De froulju fan SDS DA2 sille moarn om 14.30 yn Drylts oefenje tsjin de froulju fan IJVC. Sy sille om 13.30 út Easterein fertrekke.
Wa ’t fan de froulju net kin moat efkes kontakt sykje mei Feike Jorritsma.

De B’s
De B junioren worden morgen om 11.30 uur in de box verwacht op de skoalleseize.
Hester

Skiedsrjochters
Der is noch ferlet fan ien skiedsrjochter.
Boudewijn Kramer fluitet SDS DA1 en Auke Eringa fluitet neist SDS 4 – Skearnegoutum ek noch efkes SDS F5 – VV Oosterlittens F4. Moarn twa derbys dus foar Auke.
Foar SDS 5 – Ternaard 3 om 12.00 wurdt noch in skiedsrjochter socht. Oars moat Harm-Auke sels.
Wa meld him by André Vink?

Jierdei
Marco Hoekstra giet fanne middei en jûn it lân net yn om te neisoargjen. Hij is nammentlik jierdei. Hij wurdt ek al wer 36 jier. Us lokwinsken.

Moaie route
Dy selde Marco hat no al sin oan de útwedstriid nei Feanwâlden. Want de route beskriuwing jout yn Feanwâlden dit oan:
(Toarteldostrjitte) en vervolgens weer links (Skriesstrjitte). Weg met de bocht naar rechts volgen (Ljurkstrjitte). U vindt het sportcomplex na ongeveer 200 meter aan uw linkerhand.
En it sportpark hjit ek noch “Kemphaan”.

Programma
It folsleine programma foar sneon is
hjir te sjen.

SDS 1 – Veenwouden 1
SDS giet sneon nei Veenwouden ta om op sportpark de Kemphaan trije punten te pakken. Voetbal Noord makke wer in oersicht en dat sjocht der sa út.

A-1 giet net troch
De wedstriid fan jv Bolsward A1 – SDS A1 is ferskood nei woansdei 18 april.

Harsens derby (729)
Skopt dy keeper no 2 kear deselde do del?