SDS League: Dijkstra’s pakke wykpriis!

Seleksjes stille sneon
5 april 2012
Weppers goedfreed
6 april 2012

Foar it earst yn de skiednis fan de SDS League binne it 2 broers dy ’t beide de wykpriis pakke. Sawol Jelte Pieter mei Stanley Messi as Bauke Dijkstra mei W.I.B.D.M. hat 57 punten.

It Peaskewykein begjint goed foar de Dijkstra’s

“Lollumer Stip” fan Thys Bruinsma stiet noch altiten boppe-oan. Hy hat 5 punten foarsprong op “Brothers from other mothers” fan Martijn Rispens en Douwe de Boer.

“Meastal Boppe-oan” stiet wer stiif allinnich ûnderoan. “De oanwinsten fan 2011” pakke dizze wike 8 punten mear en nimme wat ôfstân fan de reade lantearn.

Sjoch hjir foar de nijste stân:
wike 8.