Weppers freed de 13e

Seleksjes sneon 14-11
13 november 2015
Ut- en ferslaggen 14-11
13 november 2015

SDS 1 thús

Wy hoopje dat der moarn in hiele bult SDS’ers komme om SDS 1 te stypjen de 3 punten te pakken. 

SDS 2 thús
SDS 2 spilet moarn om 12.00 oere de derby thús tsjin Waterpoort Boys 2.

SDS 3 net
Ferline wike stiene se foar neat op it fjild yn Boalsert. No binne der te min spilers om tsjin Makkum oan te treden. At er in ferbân is tusken it iene en oare , witte wij net.

Tip
Bij SDS 4 is sûnt koart Jelte Hitzert aktyf. Hij hat in fan en dy hat goed bedoeld rie op twitter: “die nije fan it fjirde moatte jim achteryn sette”.
Wij binne benijd wat er yn Tsjummearum bart…..

Programma
Kommende sneon wer in aardich
programma út en foaral thús fansels. Middeis SDS 2, SDS 1, A1 en Vr.1 allegear thús.

SDS-Fotoboek
Yn febrewaris 2016 is der by de DA/Fizel yn Wommels in SDS-fotoboek te krijen. It doel is om alle spilers fan SDS hjir yn te krijen. Wa ’t noch net op de foto stiet (û.o. B2) kin dit oanjaan by Douwe-Dirk Reitsma. Dan makket hy noch efkes in foto. 

Lytse poppe
It reint lytse poppen by SDS! Juster binne Baukje Wytske en Rudy Dijkstra de grutske âlden wurden fan lytse Sjoerd! Fan herte lokwinske!!


Harsens derby (1625)
Wat SDS 1 moarn docht as sy krekt foar tiid noch 0-0 stean tsjin sc Berlikum? Japio meistjoere nei foaren fansels!