Weppers freed 9-9

Seleksjes sneon 10-9
8 september 2016
Sneon 10 septimber
9 september 2016

Teambledside

sportlink
Jim hawwe fansels de bledsiden fan de ferskillende teams al efkes besjoen. Miskien is it goed om dat noch in kear te dwaan.
Bij alle teams stiet no harren eigen programma sa’t dat yn Sportlink (KNVB) fêststeld is.
Je kinne de wedstriden fan de kommende 14 dagen sjen.

Op de widget (sjoch hjir rjochts) sitte trije knoppen dy’t fan belang binne.
Links boppe it thúsprogramma,
links ûnder  de útwedstriden en
rjochtsboppe de lêste útslaggen.

Op de teambledside steane de foto’s fan de spilers dy’t wij hawwe. Der steane meast noch âlde alvetalfoto’s. Jim sille it mei ús iens wêze dat wij it graach kompleet ha wolle.  Ek de funksjes fan trainers en lieders binne net oeral ynfuld. Hawwe jim oanfullingen lit it ús witte fia de mail. Stjoer it safolle mooglik nei beide emailadressen dat wurket it beste; info@vv-sds.nl en sds-nijs@home.nl

 

Wat in opkomst!

Fansels it wie moai waar justerjûn, mar wat in minsken te trainen. De A’s, de B’s. it twadde, it earste wiene op it keunstgers. En it tredde en fjirde wiene mei in grutte ploech efter de sporthal.

Nije stjêr

By SDS 2 stie juster in nije stjêr yn de goal op trainen. Dit wie Basel Hammad út Wommels. Basel is in Syriër dy ’t sûnt koart yn Wommels wennet. Basel kin wol wat ôflieding brûke, want hy sit yn in spannende fase. Basel syn frou en 2 famkes sitte namelijk noch yn Alleppo yn Syrië. It is de bedoeling dat Basel de kommende tiid faker mei SDS 2 meitraind.

Aktiviteitenkommisje

Juster hat de nije aktiviteitenkommisje fan SDS foar it earst om tafel sitten. Gerry-Edou, Hester, Allert, Jesse, Elger en Jacob-Klaas hawwe de earste ideeën op tafel smiten en sille dit fierder útwurkje. Letter mear hjir oer! Hâld yn elts gefal 7 jannewaris mar fêst frij.

Magneetboerd

Boudewijn Kramer hat foar de trainer fan SDS 1, Marco Hoekstra, in skitterend nij magneetboerd makke om de spilers noch dúdliker oan te jaan wat sy yn it fjild dwaan moatte. Wy sille moarn sjen as it holpen hat!magneetboerd

Pupillen fan de wike

Bij alle thúswedstriden fan SDS 1 binnen der twa E-pupillen de pupillen fan de wike.  Bij SDS 1 – Heeg 1 wurde Wouter Boschma en Auck Dijkstra, beide fan E4 , om 14.00 oere ferwachte om it allegear mei te meitsjen.

Wedstriidsponsers

wedstriidsponsers

Bij alle thúswedstriden binne der ek altyd twa wedstriidsponsers. Dêr binne wij fansels tige wiis mei.  Bij SDS 1- Heeg 1 binne dat Boubedriuw Kooistra Kûbaard en American Base yn Boalsert

 

 

 

Harsens derby (1757)

Dêr is hy eindelijk wer!
Harsens der wer by!