Weppers freed 9-5

Weppers tongersdei 8-5
7 mei 2008
Utslaggen 10-5
9 mei 2008

Op de fyts
Lieder Stoffel fan SDS 5 hat in goed idee. Sneon op de fyts nei WPB. Efkes as lêste training foar de 11 stêden tocht foar fytsers en foar dygene dy’t net de 11 stêden fytse in soarte mei 11 feeroastertocht as alternatyf. Om 13.00 oere krekte tiid fuort. Goed idee Stoffel.

Spylje
Foar sommigen is de kompetysje dien, foar oaren sit it der noch net op. Klaas Pompstra docht in oprop oan syn Bees:
Achte hearen fan SDS B1,
W
e meie noch twa wedstriden spylje, beide kearen ut.
Sneon 17-5: JV Bolsward B1 – SDS B1, 14.30 oere, fuort 13,25
Tiisdei 20-5: Wykels Hallum – SDS B1, 19.00 oere, fuort 17.30.
We rekkenje der op dat jimme der binne en oars skilje!Klaas

D1 twa kear aktyf
Wij wiene fansels benijd hoe’t it D1 fergien is yn de dûbbele konfrontaasje mei St Jabik D1.

Ferlern
D1 hat út en thús ferlern mei 2-1.
Fedde

Noch mear útslaggen?
Neffens ús binn der fannewike noch mear útslaggen, dy’t wij noch net troch krigen hawwe. Wij stelle it wol tige op priis dat alle útslaggen nei ús maild wurde. Dit binne de adressen.

Seleksjes
Sneon binne der twa senioren alvetallen aktyf.
SDS 2 giet nei Hurdegaryp en SDS 5 giet nei WPB.
Dit binne de seleksjes:

SDS 2: 12.45 fuort – 14.30 fuotbalje tsjin Hurdegaryp 3
Floris, Jildert, Arjan, Mark, Jeroen, Dennis, Marten, Jan Simon, Stefan, Donny, Sybren, Giorgios, Remco, Wichard, Wouter

SDS 5: 13.10 fuort  – 14.00 fuotbalje tsjin WPB 4
Sjoerd R., Jan S, Jaap,  Jelle, Ids, Bertus, Stoffel, Ype, Christiaan, Aant, Piet, Klaas, Klaas.

Frysk
Oan it ferslach fan SDS-Eems Boys te sjen, ferstie de Delfsylster ferslachjouwer wol aardich Frysk. Alteast hij koe Anne Brouwer ferstean. Sjoch it ferslach.
Ek yn it Frysk Deiblêd stie noch in koart ferhaal oer de wedstryd. En sa te sjen oan bepaalde nammen is it Frysk fan Marcel net goed fersteanber.

Letter hjoed mear!