Weppers freed 9-3

Weppers tongersdei 8-3
7 maart 2012
Seleksjes sneon 10-3
9 maart 2012

Seleksjes
Wij tinke dat de seleksjes yn de rin fan de dei wol wer op de side ferskine.

Fan herte lokwinske

Hjoed binne Tea en Sytze Kooistra 50 jier troud. Dat betsjut feest foar de frou dy’t al jierren de sjurtsjes fan SDS 1, 2 en 3 wasket en de man dy’t der foar soarget dat de klaaikeamers altyd wer skjin makke wurde. Jim kin harren
hjir lokwinskje fia de mail.

Oare lokwinsken
Marten Faber wurdt hjoed 28 en Tjerk Kingma 11 jier, Beide fan herte lokwinske!

Programma
Jim kinne it programma fan sneon hjir sjen.

EB
Efkes Balje is jûn om 19.30 oere efter de sporthal. Lit it net oan jim foarbij gean, mar kom.

Net niks
Moarn kinne je fanút de kantine moai efkes yn De Tserne sjen. Fanôf 20.30 spilet dêr de supertalintfolle band NICSZ en wy kinne út erfaring sizze dat dat net niks is (klik hjir).

Harsens derby (706)
Je kinne in goal meitsje lykas Messi dat kin, mar sa kin it ek…………

Letter mear!