Weppers snein 11-1

Weppers freed 9-1
9 januari 2015
Winterprogramma SDS 1
11 januari 2015

C-toernooi
Kommende sneon 17 jannewaris hawwe de C-s harren Nijjierstoernooi yn de seal. Dat is fan 9.00 oant 12.00 oere.

SDS-Sealtoernoai
Op sneon 24 jannewaris is der wer it jierlijkse SDS-sealtoernoai foar senioaren, sealfuotballers en A-junioaren. Ek âld-SDS’ers binne wolkom.
It toernoai begjint om 19.00 oere yn sporthal de Greidhoeke yn Easterein. Opjaan hjir foar kin
hjir.

SC Franeker sneins wint OFK
It wienen juster de fuotballers fan SC Franeker sneins dy ’t ferrassend it OFK yn Frjentsjer wûnen. Yn de heale finale fersloegen sy Sint Anna sneins mei 2-1 yn de sudden death en yn de finale moasten sy it opnimme tsjin it oppermachtige Mar en Seafood út Emmeloord. De Emmeloorders dienen it de hiele dei al sûnder wiksels en eltsenien gie der fanút dat dat harren opbrekke soe. Doe ’t sy yn de finale by de rêst mei 2-0 foar stienen like der dochs neat oan de hân. Hjirnei kearde de wedstryd en sette SC Franeker alles op alles. Dit levere de 2-1 en 2-2 op en yn de lêste minút ek noch de winnende goal.

SDS-súkses op it OFK?
SDS wie al útskeakele foar de inaleronde, mar mei in fikse SDS-bril op skriuwe wy dochs noch in pear SDS-súkseskes. Sa waard âld-SDS’er Kasper Hoek as assistent koach fan SC Franeker sneins 1e by de mannen en waard de dochter fan âld-SDS’er Ype Burggraaf mei SC Stiens 2e by de froulju.

Efkes Balje

Rein, stoarm en drek, niks haldt de EB Beachboys tsjin om freedtejouns gewoan wer mei tolve man paraat  te stean.  En dan ek noch mear as de helte yn e koarte broek. It waard juster wer in geweldiche pot beach-soccerje. De seehûnen ontbrieken, mar oars waanden we us oan it Harnserstrân. 
De ploechjes wiene moai oan inoar weache. Dochs wie it ploechje fan Remco en Wouter krekt wat tûker. Men sjocht dat die twa froecher it sintrale duo fan it earste foarme ha, de âfspraken binnen sa wer makke. It like bytiden faaks krekt in echt systeem wert dat ploechje mei oan kaam. It kick and rush woe juster ek net sa goed, seker de bal oer de grûn wie lestich. Ploechje Remco-Wouter-Johan-Sipke-Chiel en Folkert wûn dus fan Bram-Ferrie-Harrie-Theo-Klaas en Tjerk.
Thús moasten de klean bûten ut, oars siet it hiele hûs derûnder, en stjonke dy mannen… (foto BramvanBeem)
Tjerk.

Twee-Nul
Nijsgjirrich nijs fan de amateurfjilden kinne jim altyd
hjir fine. 

Manchester United
It is hjoed van Gaal versus de Koemannen of te wol Manchester United – Southampton. It sil folle bak wêze en ien fan de tribunesitters is yn alle gefallen Johan Delfsma.

Peppi & Kokki
Peppi sit op de tribune by it OFK en lêst it programmaboekje nochris efkes goed troch:
“Heit, dit kin dochs net! Sjoch hjir! Dames:…….Drachtster Boys………..”

Harsens derby (1409)
Ho, Dooitze!