Weppers freed 8-10

SDS League: Ozzy pakt kopposysje!
7 oktober 2010
Seleksjes sneon 9-10
7 oktober 2010

Seleksjes
Moarn kleuret it wer swart wyt op ferskillende fjilden yn Fryslân en krekt dêr bûten. Want hiel SDS rukt wer út. Letter hjoed de seleksjes.

Affysje

Urk
It moat net gekker wurde. De feteranen fan SDS moatte de fierste reis meitsje sneon. Op nei Urk 10.

Jelmer
Wij koene juster oan de ein fan de dei al melde dat Jelmer Posthumus werom is yn Nederlân. Justerjûn melde hij him de trainer en sneon sit hij bij de seleksje. De thúskomst is fan koarte duer. Oer in wike as wat giet hij der wer hinne. De werklike reden fan de thúskomst: syn heit wie juster jierdei en syn mem hjoed.
Akke en Appie beide fan herte lokwinske.

Jonge skeids?

It begrip jong is relatyf. In jonge skiedsrjochter fan 22? Bij LSC E8 – SDS E3 wie de “skeids” like grut as de spilers en mooglik in jier âlder of like jong. Wij hawwe begrepen dat troch SDS dizze skeids noch net omskreaun wurdt as in talint. Mar dat is logysk. Mei 10 of 11 jier kinne je gjin wedstriden fluitsje. Of noch better: je meije gjin wedstriden fluitsje. (foto fan Tjerk van der Pol)

SDS E5 op ‘e foto
SDS E5 is op ‘e foto kommen en se steane no allegear hjir op de webside. Wat sille de mannen trots wêze!


De Blaauw by SC Cambuur?
Wat sommigen net witte is dat de trainer fan SDS 1, Jaap de Blaauw, yn it ferline proffuotballer west hat. Sa spile hy û.o. jierren by SC Cambuur. Wy hienen noch in moaie foto fan SC Cambuur út 1974 wêr ’t hy ek op stiet. Jim meie sizze wêr ’t hy sit of stiet:

Klik op de foto om him grutter te besjen.

Harsens derby (310)
It is mar goed dat Adebayor de kop derby hat. Hy kin mar krekt foarkomme dat Touré de trainer fan Arsenal, Wenger, oanfleant: