Weppers freed 7-2

Weppers tongersdei 6-2
5 februari 2014
De nije SDS League!
8 februari 2014

SDS 2 – Zwaagwesteinde 2
Der wêze: 13.45
Fuotbalje: 14.45
Seleksje: Sjoerd van B., Jelte P., Feite, Jort, Jesse, Bauke, Anne, Sjoerd R., Gerrit, Willem, Dirk, Bote, Ralph, Hendrik de J. en Ayanle.
Flagger: Klaas de Haan.
It fjild wurdt sneon om 12.00 keurd.

SDS 1 derop út
SDS 1 sil hjoed nei it Victoria Park yn Wolvegea nei de hoppes. Eltsenien wurdt om 15.30 by de Jimbar ferwachte. Wa ’t wat letter is moat efkes kontakt sykje mei Tsjipke. De lju dy ’t net sparre hawwe moatte harren âlde lju efkes leaf oansjen. Miskien smyt dit wol 50 euries op.

Seal
De seal is moarn noch altiten frij fan 10.00-12.00. As der in team fan SDS is dy ’t hjir noch gebrûk fan meitsje wol dan mei dy efkes maile nei
info@vv-sds.nl. Dit kin ek foar in part fan de 2 oeren fansels.

Seal(2)
De D1 makket moarn al gebrûk fan de seal. Sy sille fan 9.00-10.00 efkes noflik sealfuotbalje.

SDS League
Jim kinne
hjir alles fine oer de twadde helte fan de SDS League. Jim nije teams moatte ynlevere wurde foar sneon 15 febrewaris 19.00.
Wat soe it dochs aardich wêze as wy wer ris op 100 dielnimmers komme!
Doch dêrom allegear mei en meitsje oaren ek enthousiast!

Net oefenje
SDS 1 hat moarn gjin oefenwedstryd. Net omdat der te min lju binne, net om it minne waar, net om it minne fjild, mar om hiel wat oars. Jaap de Blaauw sit moarn om 12.25 foar de tillevysje(klik
hjir).

Alderaardichst
Fan Chelsea is bekend dat sy ferdedigjend fuotbalje. Sa dienen sy dat ek út by Manchester City:

fashion2

Harsens derby(1207)
Dit is pas in keeper mei lef:

Sjoch nei 1.05 minút.