Weppers tongersdei 6-2

Weppers woansdei 5-2
4 februari 2014
Weppers freed 7-2
6 februari 2014

SDS League
Jim kinne
hjir alles fine oer de twadde helte fan de SDS League. Jim nije teams moatte ynlevere wurde foar sneon 15 febrewaris 19.00.
Wat soe it dochs aardich wêze as wy wer ris op 100 dielnimmers komme!
Doch dêrom allegear mei en meitsje oaren ek enthousiast!

Krúsbân

Jan Friso Bruinsma (A-seleksje), al hiel blessearre. Tiisdei is hij holpen oan syn krúsbân en woansdei hie hij de (SDS) trainingsbroek al wer oan en mocht hij op hús oan.

SDS 1 oefent net
Sa’t wij juster ek al oanjoegen, SDS 1 oefent jûn net. Sij sparje harren krêften foar it gokken op hynders freed yn Wolvegea.

Perioadestand

SDS 1 is dwaande yn de twadde periode dy’t oer 9 wedstriden giet.
Der binne noch meardere kânshawwers.

Seal
SDS 4 traint jûn wer yn de seal. Sy traine fan 21.00-22.00. Allegear wer efkes in eurootsje meinimme.

Fuotbalje yn de simmerfakansje
Foar bern dy ’t ek yn de simmerfakansje graach fuotbalje meie is dit miskien wol wat.

Idee!
De wepmaster mei rydbewiis hat al in oplossing foar it te lytse bedrach wat de Skoalleseize krijt fan de gemeente foar it keunstgêrsfjild, it fergrutsjen fan de fjilden en ekstra klaaiboksen. Mocht der keunstgêrs komme dan binne der minder boksen nedich, want je hoefe ommers nei de wedstryd dochs net mear ûnder de brûs! Der is ommers noch nea ien mei smoarge knibbels fan in keunstgêrsfjild ôfkommen…………

In EHBO-post is miskien al in ideetsje……..

Harsens derby(1206)
Dy keeper kopt him knap binnen…………