Weppers freed 6-3

Seleksjes 7-3
5 maart 2015
Ut en ferslaggen 7-3
5 maart 2015

Freed 13 maart sponserjûn mei Erwin Zeinstra
Nije wike freed 13 maart is de sponserjûn fan SDS mei wrâldferneamd assistent-skiedsrjochter Erwin Zeinstra. Foar dizze jûn binne alle stipers en alle Freonen fan SDS útnoege en leden fan de OVWE. It wurdt in enerfearjende jûn mei allegear nijsgjirricheden út it betelle fuotbal sjoen fanút in oar perspektyf as dat wy wend binne.
Ek alle skiedsrjochters fan SDS binne wolkom!
Jou je sa gau mooglik op fia info@vv-sds.nl, want fol is fol.

Erwin Zeinstra foar de Champions-League-finale(lofts)

Efkes Balje
Der is neat, mar dan ek wurklik neat wat in Efkes Baller yn it paad stiet om hjoed net Efkes te Baljen. De Whatsapp sil dan hjoed ek allinne mar oanjaan: ik bin der.

Programma
It programma fan kommende sneon, mei de skiedsrjochters derbij,  kinne jim
hjir sjen.

Streekderby’s of streekderby
Fêst tafal dat der sneon bij de froulju in twastriid is mei Oosterlittens. VR 1 tsjin Vr1 en Vr2 tsjin Vr2. De iene wedstriid yn Littens de oare yn Easterein. En tagelyk sa’n bytsje….
Mar helaas giet VR2 tsjin VR2 net troch. Yn Easterlittens binne te min spylsters beskikber.

Alvetal- of sântalfoto
Wij begjinne mei de twa helte fan de kompetysje en wij hope dat de lêste groepsfoto’s ek noch efkes makke wurde. Wij misse SDS 2, MD2, VR2, E2, en C2  noch.
Wij rekkenje op jim!

Matchfiksing

Bij Mulier hawwe se mei jaloerske blikken sjoen nei de fleskes Hertog Jan, dy’t Nijland al “hiel belangenleas” beskikber stelde oan de spilers fan SDS1 at se fan Workum winne koene.

Gelokkich witte se it yn Drylts op de goeie wearde yn te skatten. Dêr litte se sjen dat se wol hiel graach út de 5de klasse wolle.

Harsens derby (1448)
Wat sille wy hjir ris fan sizze?



Letter fêst mear!