Weppers freed 4-9-2020

Weppers tongersdei 3-9-2020
3 september 2020
Sneon 5-9-2020
4 september 2020

SDS 1 nei Wytmarsum

SDS 1 spilet sneon de twadde bekerwedstriid. Yn Wytmarsum is Mulier 1 de tsjinstanner. Sij ferlearen ôfrûne sneon fan Makkum 1 mei 4-0. De wedstriid op “it Fliet”begjint om 14.30 oere. Dizze seleksje wurdt om 13.00 oere ferwachte en fertrekt om 13.15 oere: 1 Jaap©️, 2 Luuk, 3 Erik, 4 Remco, 5 Jelte-Pieter, 6 Pieter, 7 Peter, 8 Teun, 9 Habtamu, 10 Matthijs, 11 Steven, 12 Gerwin, 13 Wiebe, en 14 Hendrik.

SDS 2 nei Seisbierrum

Om 14.30 treedt SDS 2 oan tsjin it twadde team fan de Algemene Voetbal Club. Dizze twadde bekerwedstriid fynt plak op sportpark De Lytse Trije. SDS 2 wûn de earste bekerwedstriid mei 3-0 fan Berlikum 2 en AVC ferlear de earste wedstriid mei 6-1 fan Leovardia 3.
Dizze seleksje fertrekt sneon om 13.00 oere: Arjen, Ewout, Jesse, Jort, Jurjen, Kent, Lieuwe, Niels, Robin, Sietse, Sjoerd, Wesley, Wessel, Mark en Frank.

SDS VR1 spilet thús

Om 14.30 oere op ús eigen Skoalleseize spilet SDS Vr1 tsjin MKV VR1. It is foar beide teams de earste bekerwedstriid.
De seleksje: Alissa, Dina, Elske, Femke, Froukje, Gerry Edou, Hester, Janieke, Jeska, Jildou, Kirsten, Marjo, Marrit, Petra en Seriette.

SDS 3, 4 en 5 thús!

SDS 3, 4 en 5 sille moarntemiddei thús efkes meiinoar traine c.q. oefenje.

Giet net troch

SDS JO15-1 soe moarn bekerje tsjin SWZ JO15-2 mar dizze wedstriid giet net troch. By SWZ sitte sy mei lju mei sûnensklachten.

Koronarigels

Ek moarn is de kantine wer iepen foar 35 lju dy ’t sitte moatte en mei 4 om in tafel meie en net mei stuollen of tafels skowe meie. Bûten is der ek noch romte yn de tinte. Lju mei sûnensklachten moatte hoe dan ek thúsbliuwe.

Komplimenten

Ien fan ús meast favorite stikjesskriuwer hat wat ús oanbelanget de keutel wer ris by it skjinne ein. Hjir hawwe wy allegear wol wer ris ferlet fan. Ek hjoed en moarn.

Harsens derby (2249)

Ho……..

Letter miskien wol mear!