Weppers tongersdei 3-9-2020

Sneon 29-8-2020
28 augustus 2020
Weppers freed 4-9-2020
4 september 2020

Tsjipke en Douwe trainers SDS 2

De Technysk Direkteur fan SDS, jaap Toering, is der yn slagge trainers foar SDS 2 te strikken en dit binne net de minsten. Douwe Posthuma sil de rest fan iot seizoen SDS 2 op tiisdei traine en Tsjipke Okkema sil dit op tongersdei dwaan. Op sneon is Marco Hoekstra de coach dy ’t yn nau kontakt mei de trainers stean sil.

Remco assistent-trainer JO19-1

Neist Pieter de Boer as lieder is Remco Bervoets as assistent-trainer oanskoot by de JO19-1. Hy sil sa no en dan op tiisdei en sneon trainer Henk Mulder assistere.

Teun Heeres mei by SDS balje!

De KNVB hat grien ljocht jûn oan Teun Heeres om by SDS te baljen. Om ’t Teun ferline seizoen by SKV yn Wageningen balle hat is Teun in A-kategory-fuotballer en dan kinne je je net ‘samar’ oerskriuwe litte. Lokkich is de KNVB om no ’t Teun nochris trochjûn hat dat hy wer nei Fryslân ferhúze is. Wolkom Teun!

Habtamu landelijke polityk yn

Habtamu de Hoop wol de kannelijke polityk yn foar de PvdA en sil him ferkiesber stelle foar de ferkiezings yn novimber. Wy winskje him in soad wille en gelok ta. Sjoch ek hjir.

SDS-sokken te keap

Der binne wer nije SDS-sokken te keap yn maat 28 oant en mei 48. De sokken koste €10.00 p/p.
De sokken binne sneons te krijen yn de kantine.

Oefenje SDS 3?

De lieders Inne en Johan Heerma binne foar kommende sneon noch op syk nei in oefentsjinstanner foar SDS 3. Witte jim noch ien lit it dan witte fia info@vv-sds.nl. It fjild yn Easterein is alfêst reserfeard fanôf 13.45 oere.

Kantine iepen

Fanôf 1 septimber is SDS wer ferantwurdelijk foar de bartsjinsten op tongersdeitejûn. Spesjaal dêrom stiet jûn dan om it seizoen te begjinnen foarsitter Willem efter de bar. De kantine is iepen foar 35 man dy ’t sitte moatte en mei 4 man om in tafel meie en net mei stuollen of tafels skowe. Bûten is der ek noch romte yn de tinte.

Komplimenten

Ien fan ús meast favorite stikjesskriuwer hat wat ús oanbelanget de keutel wer ris by it skjinne ein. Hjir hawwe wy allegear wol wer ris ferlet fan.

Harsens derby (2248)

In wiere ‘Kelderklasse-goal!’