Weppers freed 4-7

Weppers tongersdei 2-7
1 juli 2009
Weppers snein 5-7
5 juli 2009

Futsal?
Sân jier lang hawwe wij it futsal hân. Foar sommigen is it lykwols altyd altyd sealfuotbal bleaun. En dat is it fan ôf 1 july wer, sa meldt de KNVB dit op harren side:
Sinds 2002 werd er gesproken over futsal vanwege de internationale bekendheid en uitstraling die de naam futsal – een combinatie van de Spaanse woorden ‘fútbol’ (voetbal) en ‘salle’ (zaal) – zou hebben. Voor de herkenbaarheid in Nederland wordt die beslissing nu teruggedraaid. Zaalvoetbal dus.

Fuotbalclinic
Yn tsjinsteande tot Easterein kin der yn Wommels op ferskate plakken fuotballe wurde. Sa wienen der al it skopfjild(foarhinne fuotbalfjild) en fansels de Terp. Moarn komt der noch in kreas plak by. By it swimbad wurdt de saneamde “speelweide” namelijk feestelijk weriepene. Fan 14.00 oan ’t 20.00 binne der allerhande dingen te dwaan en sil û.o. Why Not spylje. Om sjen te litten dat de “speelweide” tige geskikt is om op te fuotbaljen wurdt der fan 15.00 oan ’t 16.00 in fuotbalclinic jûn. Dizze wurdt lieden troch 2 bekende fuotballers. Kom allegear!

Mooi weer voetballers
De KNVB set it kommend jier in 45+ kompetysje op. At
de namme fan dy kompetysje no wol sa goed is, freegje wij ús ôf.  

Itens
Dat der yn Wommels en Easterein de hiele simmer fûleindich keatst wurdt, is jim bekend. Sneon yn Wommels in ledenpartij en sneon yn Easterein de Okkemapartij. Mar ien kear yn it jier meitsje wij melding fan de leukste earste klas partij: dy fan Itens. Kommende sneon om 11.00 oere, mei Feiko, Jelte Piter, Erik, Dirk Yde, Gerrit en Jacob Klaas. En Sjoukema fansels foar de woarst en de tsiis.

3rd Eye
Sa ’t jim hjir wol merke binne wy grutte fans fan 3rd Eye. Sjoch mar ris nei dizze prachtige fragminten. De lêste is machtich:

Nijs?
Mail it nei info@vv-sds.nl!


Skylk mear!